|
100 jr KV Hâld Moed/ Reünie Âld Jorwerterdei
2013 8 juny 2013: 100 jier Keatsferiening Hâld Moed en Reüny Ald
Jorwerterdei Yn 2013 bestiet de keatsferiening Hâld Moed
100 jier. Alle reden om dit jubileum te fieren. It Doarpsnut organisearret yn
2013 wer in Ald Jorwerterdei, in reüny foar ynwenners en âld ynwenners fan
Jorwert, dy’t foar ’t lêst yn 1987 hâlden is. Beide ferienings ha besletten
om dit meielkoar te fieren. Dat sil wêze op sneon 8 juny 2013. Fansels ferget soks de nedige tarieding,
dêrom is der in jubileumkommisje yn it libben roppen. De kommisje wol alle
(âld) Jorwerters ûnder oare fia de webside ‘Jorwert.nl’ op ‘e hichte hâlde
fan de aktiviteiten en ûntwikkelingen. De jubileumkommisje 2013: 100 jier Hâld Moed
/ Ald Jorwertdei: De kommisje bestiet út (bestjoers)leden fan
beide ferienings. Dat binne: Jan Strikwerda, voorzitter Adrie Kaspers, secretaris Doede Ottema, ponghâlder Geartsje Fokkema Afke Siderius Hennie Koldyk Jannie van Zuiden Aeltsje Merkus Broer Evert Siderius De kommisje rjochtet har ynearsten op it
sammeljen en útwurkjen fan ideeën foar de jubileum/reüny-dei. Yn twadde
ynstânsje op it generearjen fan de nedige finânsjes troch aktiviteiten en
sponsoring en as lêste op it útwurkjen fan in plan fan in taastbere
herinnering oan it 100 jierrich jubileum. Adressen âld Jorwerters Hennie Koldyk en Jannie van Zuiden
koördinearje it sammeljen fan adressen fan âld Jorwerters, om harren út te
noegjen foar de reüny. De kommisje ropt elkenien dan ek op om adressen fan
âld Jorwerters oan harren troch te dwaan. Better in kear te folle dan neat,
is it motto. Dat kin skriftlik, tillefoanysk of per e-mail nei jubileum@jorwert.nl De ferkeap fan potgrûn wie lykas foarich
jier wer in grut súkses. Yn ien
moarnsskoft suteljen yn Jorwert e.o. wiene alle pûden ferkocht.. De netto
opbringst wie € 845,--. Elkenien tige tank foar de meiwurking!! Email-adres jubileum@jorwert.nl Activiteiten
|