Mukpop 23 juni 2018

 

De twadde moanne fan it jier 2018 alwer. De tiid fleant foarbij en foardat we it witte is it aanst al safier, Mukpop 2018! Wy (Frans Kingma en ik) binne dr al in tiid mei dwaande en ynmiddels ha wy de fergunning binnen.

Foar ús is it no dus ek heech tiid om te begjinnen mei alle tariedings. Mar foardat wij sels begjinne wolle wy jim (Jorwerters) graach hjirby belûke en op de hichte bringe fan ús plannen oant no ta.

 

Fandêr dat wij jim allegear graach útnûgje op tongersdei 22 febrewaris 2018 om 20:00 yn it kafé yn Jorwert. Wy sille dan tegearre mei de merkekommisje it ien en oar fertelle oer Mukpop. Jim kinne op die jûn fansels ek fragen stelle.

Wy wolle alfêst witte litte dat de merke dit jier, yn oerlis mei de merkekommisje, ferpleatst is nei it wykein fan 28,29,30 juni.

 

Graach oant dan!

 

Jorrit Meinsma

 

Datum:  22-2-2018

Tijd:       20:00

Plaats:

 

Het Wapen van Baarderadeel

Sluytermanwei 27 - 29
9023 AB   Jorwert
Tel: 058 – 2519223

 

 

foto: LC/Friesch Poparchief