Kollum Dweilstik wint priis bêste Frysktalige doarpssjoernalistyk 2016

 

De redaksje fan ‘De Hiele Toer’ út Jorwert krige ûnder de Nijjiersresepsje in sjek fan €250 oerlange troch boargemaster foar kollum Dweilstik yn harren doarpskrante. It nivo fan dy kollum is neffens de sjuery sa goed, dat de kollum as gehiel de priis foar de bêste Frysktalige bydrage oan de 'doarpssjoernalistyk' yn 2016 fertsjinnet. De twadde priis gong nei Mandeguod fan Mantgum en Ut ‘e Buorfinne fan Wjelsryp wûn de tredde priis.

 

De karkommisje

De ‘Karkommisje Frysktalige doarpssjoernalistyk Littenseradiel’ dy’t alle bydragen besjoen hat, bestiet út Gerrit Hoekstra út Winsum, Margriet Groenveld út Hidaard en Sjoerd Bottema út Weidum. Hoewol de kwaliteit fan de ynstjoerde Fryske stikken wer heech wie, wie de sjuery gau út de trije stikken dy’t nominearre wurde. Se hienen apart fan inoar (hast) deselde stikken selektearre.

 

Top trije

‘De Stienmurd’ út Ut ‘e Buorfinne fan Wjelsryp krige de tredde priis. Neffens it sjueryrapport “in soppich ferhaal mei in sensasjonele finale: in gefjocht op libben en dea mei in Mechelske herder”. De twadde priis gong nei ‘Teater en Liturgy’ út Mandeguod; “in libben en sfearfol stik oer Andries Kobus fan Mantgum, oer syn kleurryk libben as dûmny, sjonger en dûnser”. De kollum ‘Dweilstik’ út De Hiele Toer út Jorwert wûn de earste priis. It slagge de sjuery net om út te finen wat no it moaiste stik wie fan de trije kollums dy’t harren ûnder de titel ‘Dweilstik’ taskikt wiene, sa konsistint wie de kwaliteit. Dêrom hat de sjuery besletten in priis ta te kennen oan de kollum yn syn gehiel. “Yn de dweilstikken wurdt gauris oansitten yn it kafee. De toan is navenant: dy fan in smout en sterk ferhaal oan de taap.”

 

It sjueryrapport

It folsleine sjueryrapport en de priiswinnende stikjes fine jo op de webside fan de gemeente.

 

Bron: Gemeente Littenseradiel