Jierferslach 2007 taakgroep Jeugd Hâld Moed.

Gearstalling

De taakgroep Jeugd (foarhinne de jeugdkommisje) is yn 2007 útwreide mei Astrid van Senten en Hessel Dijkstra, sadat de taakgroep no bestiet út:

Egbert van der Hem, Ezra Strikwerda, Hessel Dijkstra, Astrid van Senten en Geartsje de Vries (kontaktpersoan).

 

Aktiviteiten

 

Treningen

Yn 2007 wiene 5 Jorwerter jeugdleden selektearre foar de KNKB-seleksjes, te witten:

·         Bonne Hylkema en Sander Kuperus by de welpen jongens

·         Jorrit Meinsma en Hylke Zondervan by de pupillen jongens

·         Anne van der Hem by de pupillen famkes.

 

Yn jannewaris en febrewaris hawwe 8 Jorwerter jeugdleden meidien oan de federaasjetreningen op sneintemoarn yn Akkrum, ûnder lieding fan Johannes Brandsma. In tige slagge inisjatyf wat ús oanbelanget. De 8 bern wiene:

Hindrik Meinsma, Tom den Boer, Thomas Kuperus, Sjoerd T. vd Hem, Eugéne Nanhu, Sjoerd G. vd Hem, Lidewij de Boer en Pytsje vd Hem.

Nei de maaiefakânsje binne de ferieningstreningen begûn. Haadtrener wie oppenij Ezra Strikwerda, dy’t dit jier assistinsje krige fan Hessel Dijkstra. De opkomst wie prima! Spitich dat de trening in pear kear útfalle moast fanwege it waar en/of it fjild. Op 22 en 29 augustus is der keatst foar in diploma, dat op 6 septimber útrikt wurde koe yn Ons Huis, tidens de ôfsluting. Dêrfoar hie elk him/har nochris yn it swit wurke mei it keatskanon dat regele wie troch Piet Zondervan. Foar de measte bern wie it foar it earst dat se kennis makken mei dit kanon en ús yndruk is dat dat hiel goed oanslein is!

 

Muorrekeatsen

Op 21 febrewaris hat in groep fan 12 Jorwerter bern nei Tsjommearum west te muorrekeatsen. In aktiviteit dy’t fan de KNKB út stimulearre wurdt. Trener wie Johannes Brandsma.

 

Wedstriden

Ledepartijen

De opkomst by de ledepartijen is goed. Wol is it sa dat hieltyd mear bern bûten Jorwert keatse op de KNKB-wedstriden. In hiele moaie ûntwikkeling want it betsjut dat de kwaliteit hieltyd heger wurdt. Mar it gefolch is wol dat dat dalik in pear bern skeelt by de ledepartijen en by in lytse klub as Hâld Moed fernimst dat wol. Om dochs in wat lykweardige lotting te krijen kin it dan foarkomme dat der regelmjittich mei deselde maat keatst wurde moat.

De allerjongste bern hawwe ek al meidien. Sy spilen it kabouterspul, mei wat ienfâldiger regels.

 

Kompetysje

De kompetysje waard koördinearre troch Astrid van Senten. Omdat in protte famkes op freedtejûn oare drokte hiene, is besletten it kompetysjekeatsen te fersetten nei de tongersdeitejûn. Ek de kompetysje foel in pear kear út troch omstandichheden en dêrom is der nei de simmerfakânsje noch 2x kompetysjekeatst. Op de slotjûn koene de prizen útrikt wurde:

 

Federaasje

De federaasje organisearre wer de ôfdielingskompetysje. Op 25 maaie, 15 juny en 29 juny. Foar Jorwert diene de folgjende partoeren mei:

Welpen jongens: Bonne, Sander, Hindrik

Pupillen Jongens: Thomas, Jorrit, Hylke

Skoaljongens: 1 partoer mei wikseljende gearstalling: Rik, Eugéne, Sjoerd Theo, Tom

Jongens: Sjoerd G, Stefan, Hessel

Famkes: Pytsje, Lidewij

 

De lêste kompetysjedei foel yn de Jorwerter merke. Dat hie fan gefolgen dat de measte partoeren besleaten om dy wedstryd falle te litten. Allinne de pupillen jongens en de jongens reizigen wól ôf nei Wommels, mar dy hiene dan ek noch kans om te winnen. Dat slagge nei spannende wedstriden ek noch! Ofdielingskrânsen dus foar Thomas, Jorrit, Hylke, Sjoerd G, Stefan en Hessel!

De dielname oan de federaasjewedstriden wie goed. Regelmjittich giene der groepkes bern op paad om te striden tsjin bern út de oare doarpen en regelmjittich waarden der prizen wûn.

Op 6 juny ûntfong Jorwert sels de federaasjekeatsers. Oer de organisaasje kinne we tefreden wêze, foaral troch de help fan Pieter Zondervan en Joke Koldyk (Mantgum). Sy wiene ree om as skiedsrjochter op te treden en it hat ús bliken dien dat in skiedsrjochter foar dizze noch jonge keatsers absolút needsaaklik is.

KNKB

Sander, Bonne, Jorrit, Hylke, Thomas en Anne ha hast alle wykeinen meidien oan KNKB-wedstriden en soms waard der in pryske helle. Sa naam Bonne op 13 maaie de krânse mei nei hûs, út Hijum. Anne van der Hem die itselde op 14 juli op in spesjale wedstryd foar 1e jiers pupillen en 2e jiers welpen. Thomas Kuperus kaam op 6 maaie mei in tredde priis út Ingelum en Jorrit Meinsma wûn op 16 juny op de jubileumpartij fan de KNKB yn Huzum ek in tredde priis, yn dit gefal in moai sulveren kettinkje.

Op 7 july diene Thomas, Jorrit en Hylke, ûnder lieding fan coach Piet Zondervan,  mei oan it NK yn Huzum. Spitich dat der dalik al in sterke tsjinstander lotte wie, want op de foargeande ôfdielingswedstriden waard hyltyd de 2e omloop en regelmjittich ek de 3e omloop helle. Op it NK slagge dit net. Harns wie mei 5-2 en 2-6 te sterk. Itselde partoer gie der op 10 juny krekt foar de prizen ôf: Yn de 3e omloop waard op 5-5 en 6-4 ferlern fan Reduzum.

It jongenspartoer fan Hessel, Sjoerd G en Stefan reizige op 8 augustus nei Wommels foar de Freule. 55 Partoer op de list en de earste tsjinstander wie in twatal fan Seisbjirrum. Us jongens namen in foarsprong, mar koene dy net festhâlde en op 5-4 en 6-6 wie it Freule-aventoer wer foarby.

Sels soe Hâld Moed op 1 july (de snein nei de merke) in KNKB-wedstryd foar pupillen jongens ôfdieling organisearje. Dat koe net trochgean trochdat it  fjild.te sompich wie.

Ofslutend

We kinne stelle dat it goed rint mei it jeugdkeatsen yn Jorwert. Hast alle bern dogge mei oan de trenings en de wedstriden en ek kwalitatyf sitte we yn de lift. 

tekst: Geartsje de Vries