Federaasjekeatsen yn Jorwert

Op woansdei 4 juny waard yn Jorwert wer de jierlikse federaasjepartij foar welpen en pupillen organisearre. Mei 29 pupillekeatsers en 26 welpekeatsers wie it gesellich drok op it keatsfjild. De organisaasje kaam al efkes foar in ferrassing te stean, doe’t bliken die dat keatsers út Weidum en Wjelsryp net op ‘e list stiene mar wol opjûn wiene. Wierskynlik binne e-mails troch ûnbekende oarsaak net oankaam…… Mar troch ûnderfining en ymprovisaasjetalint waard dit probleem gau oplost en om healwei twaën koene de measte bern los.

By de famkes welpen wiene 5 partoer, mei dêrby 4 Jorwerter famkes: Thea Hylkema en Anneke Zylstra, dy’t tegearre in partoer foarmen, Durkje Zylstra dy’t mei Hedwich de Boer út Wommels keatste en Linda Kuperus dy’t as maat de lytse Marijke Keuning út Wiuwert hie. Der waard yn in poule keatst sadat elk partoer 4 kear keatse koe. Tekstvak: Jorrit Meinsma en Anne van der HemDit ferrûn allegear frij flot, hoewol’t de fammen noch net alle regels goed witte en dêrtroch noch wol aardich wat help nedich hawwe.

Doe’t alle partijen ferkeatst wiene die bliken dat it partoer fan Alize Bootsma (Wommels) en Minke van Asperen (Boazum) alles wûn hie en mei de krânse nei hûs ta giene. It twadde plak wie foar Thea Hylkema en Anneke Zylstra.

Bij de welpen jongens stiene 8 partoer op de list. Nei de earste omloop kamen alle winners yn de winnersronde en de ferliezers yn de ferliezersronde, sadat elk minstens 2x keatse koe. Foar Jorwert stiene Hindrik Meinsma en Sander Kuperus op de list en sy mochten dalik al tsjin elkoar keatse. Dat wûn Sander, sadat hy mei syn maat Reinout van der Veer (Littens) yn de winnersronde fierder gie en Hindrik mei Jesse van Berkum út Wiuwert yn de ferliezersronde keatse moast. Yn de twadde omloop troffen Hindrik en Jesse it sterke partoer fan Habtamu de Hoop en Gerwin Sybesma, beide út Wommels. It waard in moaie partij, mar Hindrik koe it net oprêde. Habtamu en Gerwin keatsten de finale fan de ferliezersronde tsjin Rick de Warle en Rients Smink, beide fan Wjelsryp. De winst gie nei dizze lêste twa jongens.

Yn de winnersronde keatste Sander mei syn maat yn de twadde omloop tsjin Gert Jan Bootsma (Itens) en Ype Bakker (Wommels). Frij makkelik wist Sander dat te winnen, hy keatste poerbêst. Dêrnei moast er lang wachtsje om de finale spylje te kinnen en miskien hat dat wol té lang west. Want yn de finale slagge it net mear mei Sander en Reinout. Jort Bloemhof (Wiuwert) en Arjan Hofstra (Wjelsryp) wiene folle sterker en de prachtige krânsen koene dus net yn Jorwert bliuwe.

 

Miskien by de pupillen….

De jongens en famkes keatsten meielkoar, want der wiene te min famkes opjûn om dêr in aparte kategory fan te meitsjen. Fjouwer bern út Jorwert stiene op de list: Hylke Zondervan, Bonne Hylkema, Jorrit Meinsma en Anne van der Hem. By tafal wiene Jorrit en Anne by elkoar lotte, Hylke keatste mei Sebastiaan Hallema út Boksum en Bonne hie Geert Dykstra út Winsum as maat.

Yn de earste omloop gie Hylke der ôf tsjin it partoer fan Rémon Tie Bouma en Rixt Keuning. Ek Bonne Hylkema ferliear syn earste partij tsjin Marco Weijer (Wommels) en Stefan Klaassens (Easterein). Hylke en Bonne giene dêrom fierder yn de ferliezersronde. Jorrit en Anne wisten harren earste partij rom te winnen en giene fierder yn de winnersronde.

Hylke ferlear ek de twadde partij en wie dêrtroch gau útkeatst. Bonne wist syn twadde partij te winnen en keatste de heale finale fan de ferliezersronde. Dat koe er spitichgenoch net winne en hy gie sûnder priis nei hûs.

Jorrit en Anne keasten de twadde omloop tsjin Stef de Warle en Nyncke Pytsje Terpstra. Se hiene it wol wat dreger as yn de earste omloop, mar troch goed te keatsen wisten se it te winnen en stiene se yn de heale finale. Dy moatst ferkeatst wurde tsjin Pieter Postma (Winsum) en Wietse Klaas Vink (Easterein) Oant 3 earsten gelyk gie it lyk op, dêrnei pakten Jorrit en Anne goed troch en wie de winst foar harren. De tsjinstanders yn de finale wiene Pieter Sytsma (Wommels) en Bauke Sieswerda (Winsum). Omdat it al let wie besleat skiedsrjochter Pieter Zondervan om dy finale op spul gelyk begjinne te litten. Jorrit en Anne fûnen blykber ek dat it al let wie want se keatsten frij flot nei de oerwinning: 5-2. Dochs 2 krânsen yn Jorwert bleaun!

 

tekst & foto: Geartsje de Vries