Keatswykein 7/8 juny: waarm!

Sneon 7 juny – federaasjekeatsen yn Mantgum

Foar Jorwert fytsten Hindrik Meinsma, Durkje Zylstra, Anneke Zylstra (welpen), Janneke Blanke (skoaljeugd) en Stefan den Boer (jongens) moarns betiid nei Mantgum ta. Yn de welpe-kategory hellen alle Jorwerter dielnimmers in priis. Durkje de tredde, Anneke de twadde en Hindrik de earste.

 

Sneon 7 en snein 8 juny -  KNKB wedstriden

Thea Hylkema keatste yn Hilaard. Mei har maat Fenna Kramer die se it hiel bêst, allinne de earste partij ferlearen de beide fammen, dêrnei wisten se alles te winnen. Sadwaande kaam se mei de earste priis yn de ferliezersronde wer tús.

Sander Kuperus en Hindrik Meinsma reizigen ôf nei Skalsum. Sander koe net in pryske pakke en Hindrik ferlear de earste wedstryd, mar wist it yn de ferliezersronde oant de finale te skoppen. Dat koene hy en syn maat, Kevin Jordy Hiemstra, krekt net oprêde.

Tekstvak: Prijswinnaars KNKB wedstrijden 8 juni

De pupillen jongens (Jorrit Meinsma, Hylke Zondervan en Bonne Hylkema) keatsten yn Makkum. It slagge net ien fan allen om yn de prizen te keatsen. Sneins gie it trijetal nei it Hearrefean om as ôfdielingspartoer tsjin Wytsmarsum te keatsen. By Wytmarsum sitte 2 A-keatsers en de ferwachting wie al dat dat hiel lestich wurde soe. Dat wie it ek, Jorwert wist noch wol 3 earsten te pakken, mar Wytmarsum wie sterker. Hjirnei waarden alle ferliezers troch mekoar lotte om méi de saneamde opstappers, noch in t.i.l. partij te keatsen. Hylke en Bonne troffen it net mei de lotting en hellen gjin priis. Jorrit hie wat mear gelok en kaam yn de heale finale, mar doe wie de koeke op. Jorrit dus in tredde priis.

Anne van der Hem keatste sneon yn Wommels en snein yn Akkrum by de pupille-famkes. Beide kearen slagge it net om in priis te winnen.

Thomas Kuperus keatste snein yn Reahûs-Turns en nei’t er mei syn maten de earste partij ferlern hie, wûn er de folgjende partij en dêrmei stie er al yn de finale fan de ferliezersronde. Dy koe spitichgenoch net wûn wurde, sadat er mei de 2e priis nei hûs gie.

 

tekst & foto: Geartsje de Vries

 

terug