Moai wykein foar de Jorwerter keatsers.

It wykein fan 31 maaie en 1 juny is moai ferrn foar de Jorwerter jeugdkeatsers dyt fuort gean te keatsen.

Op sneon gie allinne Anne van der Hem der op t om in KNKB wedstryd te keatsen. Yn Tsjom koe se spitichgenoch gjin potten brekke en snder in priis gie se wer nei hs ta.

Yn Wommels wie in federaasjewedstryd foar welpen, pupillen, skoalbern en jeugd. By de welpen keatsten Hindrik Meinsma en Sander Kuperus, by de pupillen Jorrit Meinsma en Hylke Zondervan, by de skoalbern Sjoerd vd Hem en Thomas Kuperus en by de jeugd Stefan den Boer.

Hindrik Meinsma wn ien kear en ferlear drnei, hy hie gjin priis. Sander Kuperus ferlear de earste wedstryd, mar wist drnei yn de ferliezersronde alles te winnen. Hy wn dus de 1e priis yn de ferliezersronde, tegearre mei Jos Wynia t Wommels.

By de pupillen jongens wn Jorrit Meinsma de earste wedstryd, mar de twadde wedstryd gie ferlern. Hy hie dus net in priis. Hylke Zondervan die it krekt oarsom: hy ferlear de earste wedstryd en wn de twadde. Uteinlik wn hy yn de ferliezersronder in twadde priis, tegearre mei Bavius Smink t Winsum.

By de skoaljongens wist Sjoerd T van der Hem net in priis te heljen. Thomas Kuperus die it poerbst syn maat Yfke Velstra. Se wnen alles en mochten yn de finale keatse tsjin Jorrit Joustra (Winsum) en Sjoerd de Vries (Kbaard) It like der earst net op, se kamen 4-1 achter, mar nei in izersterke ynhelrace wisten Thomas en syn maat dochs de krnse te pakken.

By de ldste jeugd foel Stefan den Boer krekt bten de prizen.

 

Snein 1 juny wie de 5-doarpepartij yn Jorwert, mar in protte Jorwerter jeugdkeatsters koene dr net oan mei dwaan, omdat de KNKB partijen no ienkear wichtiger binne.

Sander Kuperus en Hindrik Meinsma giene as fdielingspartoer nei de fdielingswedstryd yn Tsjommearrum. Dit is de iennige fdielingswedstryd foar dizze kategory yn in seizoen. Foar Hindrik betsjutte it dalik syn allerearste KNKB-wedstryd. De jongens hiene lotte tsjin in sterk partoer fan Ried. Se keatsten hiel leuk, mar koene it net oprde en mei 5-1 giene se der f. Dat hold yn dat se meidiene yn de opstap; de trochinoarlotterspartij. Sander lotte as maat Habtamu de Hoop t Wommels en Hindrik kaam by Tom Cats t Menaam. Mei beide keatsers gie it mar bst. Yn de heale finale koene Sander en Habtamu it net rde tsjin Sjaak Bakker (Achlum) en Klaas Bosma (Makkum). Foar Sander dus in tredde priis.

Yn de oare heale finale keatste Hindrik mei syn maat tsjin Sil Leystra (Westhoek en Frank Bervoets (Wommels). Hindrik en Tom wnen dat en mochten dus de finale keatse tsjin Sjaak Bakker en Klaas Bosma. Tom en Hindrik makken mar in hiel lyts bytsje foutsjes en wiene dan ek fiersten te sterk foar dit twatal. Mei in prachtige krnse kaam Hindrik fan syn earste KNKB wedstryd werom!

Thea Hylkema keatste by de welpen famkes in pear kilometer fierderop, yn Ingelum. Nei twa ferliespartijen wie it foar har gau dien dizze kear.

Yn Sint Anne keatsten Bonne Hylkema, Hylke Zondervan en Jorrit Meinsma in t.i.l. wedstryd. Bonne en Jorrit ferlearen de earste wedstryd en giene fierder yn de ferliezersronde. Hylke hie in steand nmer en mocht yn de twadde omloop fan de winnersronde dalik tsjin de sterke Pieter van der Schoot keatse. Dat koene hy en syn maat Auke Boomsma (Moarre) net oprde en nei ien kear keatse wie it al dien foar Hylke. Spitich.

Bonne en Jorrit wnen beide har partijen yn de ferliezersronde en moasten drnei tsjin elkoar keatse. Dat wn Jorrit op it nipperke en hy mocht doe de heale finale keatse tsjin Dirjan Bouma (Grou) en Hylke Flapper (Hilaard). Dy partij gie ferlern en mear as in 3e priis yn de ferliezersronde siet der dus net yn.

Anne van der Hem reizige f nei Wytmarsum, mar koe spitichgenoch net in priis mei nei Jorwert nimme.

Al mei al dochs in moai wykein foar Jorwert!

Noch efkes de priiswinners op in rychje:

 

Sneon 31 maaie

Federaasje Wommels

Welpen jongens: Sander Kuperus 1e ferliezersronde

Pupillen jongens: Hylke Zondervan 2e ferliezersronde

Skoaljongens: Thomas Kuperus 1e winnersronde

Snein 1 juny

KNKB

Tsjommearrum t.i.l.: Welpen jongens:

Sander Kuperus 3e priis, Hindrik Meinsma 1e priis

Sint Anne: Pupillen jongens: Jorrit Meinsma 3e ferliezersronde

 

 

 

 

tekst & foto: Geartsje de Vries

 

Sander Kuperus en Hindrik Meinsma