Iepenloftspul Jorwert spilet Londen 68

 

Iepenloftspul Jorwert spilet Londen 68, in striid tusken de seksen. It is de Jorwerter bewurking fan de film Made in Dagenham. De premjre is op sneon 27 augustus en der wurdt spile oant en mei sneon 24 septimber. De kaartferkeap set tein op woansdei 1 juny.

It Iepenloftspul Jorwert fan 2016 spilet him f yn 1968, yn Londen. Rita OGrady wurket, lykas in protte minsken t de std, yn de autofabriken fan Ford yn de wyk Dagenham. Neist de tzenen manlike wurknimmers steane der ek 187 froulju op de leanlist. Mar wrom, freget Rita har f, krije de manlju mear betelle? Is it omt it manlju binne?

Rita wurdt it gesicht fan de froulju dyt yn opstn komme om in ein te meitsjen oan dizze brike ferhlding. Wat folget is in striid dyt in weareld fan ferskil meitsje sil foar de rjochten fan froulju.

Londen 68 is in humoristyske, eigentiidske teatrale werjefte fan de striid dyt froulju yn it Londen fan 1968 oangiene. In slach dyt de wrld feroare. Yn it spyljen komt nei foaren dat it net inkeld kontroverse is tusken manlike en froulike personaazjes, mar ek tusken de akteurs nderinoar. Londen 68 is in feelgood-komeedzje mei in dramatysk rntsje, yn in net faak fertoande spulstyl.