Skűlje yn Jorwert

 

Yn 2016 komt J&Mteaterwurk fan Jan Arendz en Marijke Geertsma mei in nije foarstelling: ‘Skűlje yn Jorwert’. In toanielfoarstelling nei oanlieding fan it boek

‘Nachtboek van een kerkuil’, skreaun troch Bas van Gelder.

Bas van Gelder hat dűmny west yn Jorwert krekt yn de oarlochsjierren ‘40-’45. Hoewol it liket dat der yn Jorwert earst net folle fan de Dútske besetting te fernimmen is yn ferliking mei Leiden, dęr’t hy weikomt, űntkomt ek Jorwert net oan de oarloch. De dűmny dy’t űnderdűke moat ( yn syn eigen tsjerke), wurdt ferret en oppakt en komt yn de finzenis fan Ljouwert te lâne.  Jorwert is in hecht doarp, mar ek yn dit doarp wenje njonken minsken, dy’t yn it  ferset sitte, ek minsken dy’t de filosofy fan Hitler oanhingje. In lytse mienskip prachtich opservearre troch in dűmny dy’t fan bűten Fryslân yn Jorwert bedarret  yn de oarlochsjierren, węryn de eigenskippen fan de minsken harren krekt wat dúdliker ôftekenje.

Wy űntfange jim mei kofje en tee yn kafee ‘Het Wapen van Baarderadeel’, dęrnei meitsje wy in kuierke troch Jorwert, sadat jim in bytsje ynsjoch krije yn it doarp út dy jierren. Yn de kuier is ek in eksposysje opnommen mei spesjaal materiaal út dy tiid. As wy nei 3 kertier werom binne yn it kafee, nimt de dűmny (spile troch Jan Arendz) jim mei nei de tsjerke fan Jorwert foar de foarstelling.

 

Der is ek in mooglikheid om by it toanielbarren in lunch of diner te brűken.

Foar mear ynformaasje en om kaarten te bestellen sjoch op www.jmteaterwurk.nl

http://www.jmteaterwurk.nl/images/logo-mail.jpg

 

 

 

Foarstellingsdata 2016


Spylje yn de tsjerke fan Jorwert op:

                    Tongersdei              12 maaie       14.00  oere
                                                  19.30 oere
Freed                      13 maaie       14.00  oere
                                                  19.30 oere
Sneon                     14 maaie       19.30 oere

Extra voorstellingen:

19, 20 en 21 mei om 14:00 en 19:30 uur

 

Tagongspriis p.p  € 18.50. Foar groepen fan mear as 20 persoanen € 17.50 p.p.
Ek is it mooglik om yn it kafee in lunch of in waarm miel te iten.

Mear ynformaasje oer de foarstelling: belje mei 06-44282677 of
mail nei
jmteaterwurk@hotmail.com