Laden Evenementen

« Alle Evenementen

  • Dit evenement is voorbij.
Evenementenreeks Evenementenreeks: De Molkwei

De Molkwei

26 april 2022:10:30 - 12:00

Taury fynt kij sá moai. Har namme betsjut ‘ko’ yn it Latyn en dat fynt se hiel spesjaal. Sa spesjaal dat Taury besletten hat dat se letter, as se grut is, ko wurde wol. Mar ast ko wurde wolst, wat moatst dan kinne?

In ko jout molke seit de boer. Mar hoe docht de ko dat dan? Taury hat wol tûzen fragen oer kij. Wat yt in ko? Skyt in ko ek? Wat kinst allegear mei molke? Is molke lekker? Fine de bern molke lekker? Kinst deryn badderje as yn wetter? Kinst ride op in ko? En is in ko gefaarlik? Krekt sa gefaarlik as in Tyrannosaurus Rex?

Al dûnsjend nimt Taury de beukers mei oer it boerehiem. Mei elkoar sykje se troch te priuwen, fielen, rûken en dwaan nei de antwurden op Taury har fragen. En komme se derachter oftst eins wol ko wurde kinst.

De Molkwei is in meidûnsfoarstelling op de buorkerij spesjaal foar beukers. Sy moetsje Taury dy’t har meinimt troch it molkfeebedriuw. De beukers hearre en sjogge it bedriuw en de ko troch de eagen fan Taury. Ek meie se mei har meidwaan, meidûnsje en meimeitsje. Tip: Lûk learzens oan en klean dy’t smoarch wurde meie! De Molkwei wurdt yn it Frysk en Nederlânsk spile.

Iepenbiere foarstellingen yn de maaiefakânsje yn Jorwert – 26 april o/m 7 maaie

  • 26 april 10.30 NL 14.15 Frysk
  • 29 april 10.30 Frysk 14.15 NL
  • 30 april 10.30 Frysk 14.15 NL
  • 7 maaie 10.30 NL 14.15 Frysk

Boekingsynformaasje
De foarstelling gie yn premjêre yn 2021 en spilet ek yn it foar- en neijier fan 2022 en 2023 as skoalfoarstelling foar rom 5000 Fryske beukers. Wolst mei dyn klas nei De Molkwei ta? Nim dan kontakt op fia stichtingdebeweging@gmail.com foar de mooglikheden.

Gegevens

Datum:
26 april 2022
Tijd:
10:30 - 12:00
Serie:

Locatie

Boerderij Tjalling
it Noard 1
Jorwert, Nederland

14:15 - 16:00
Serie:

Locatie

Boerderij Tjalling
it Noard 1
Jorwert, Nederland