Damclub OKK begjint wer

0 Comments

It iepenloftspul hat syn lêste foarstelling wer hân, tiid om oer te gean nei it winterskoft. Damklup OKK hellet de houtsjes ek wer út ‘e doaskes. Nije leden binne wolkom om mei oan te skowen; de klupjûnen binne op tiisdei yn it Wapen van Baarderadeel. It seisoen begjint op 9 oktober mei in ledegearkomste, mar as as jo as nij lid ûntkomme wolle oan bestjoerlik gedoch, dan is in wike letter ek wol gaadlik om yn ‘e kunde te kommen mei de fassinearjende tinksport dy’t it Frysk damjen is.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *