Persbericht Provinsje Fryslân 31-01-2008
Provinsje stipet Jorwert en set nij belied foar iepenloftspullen
op
Yn goed oerlis hawwe de provinsje, de gemeente Littenseradiel, de Rabobank It
Hearrenfean en it bestjoer fan it Iepenloftspul Jorwert in oplossing fûn foar
it earder ûntstiene tekoart fan dit evenemint. It Kolleezje hat tagelyk
besletten om foar de nije kultuerperioade 2009-2012 nij belied foar
iepenloftspullen op te setten. Alle bestjoeren wurde útnoege om oer in
mearjierrich perspektyf yn petear te gean mei de provinsje. Foarútrinnend
dêrop kinne alle iepenloftspullen al yn 2008 ta in bedrach fan € 5000 in
berop dwaan op it provinsjaal budzjet foar nije inisjativen. Sa is it foarstel
dat it Kol-leezje fan Deputearre Steaten oan Provinsjale Steaten foarleit.
Op dizze wize jout it kolleezje útfiering oan it koalysjeakkoart dêr’t ek op
it mêd fan kultuer mear romte is foar nije inisjativen. Yn in earder skriuwen
oan Deputearre Steaten jouwe de bestjoeren fan de iepenloftspullen oan dat
dêr ambysje ta is.
It totale tekoart fan Jorwert is fêststeld op € 170.000. Deputearre Steaten
stelle de steaten foar ienmalich € 65.000 beskikber te stellen, Boargemaster
en Wethâlders fan de gemeente Littenseradiel stelle de gemeenteried út in
bedrach fan € 20.000 beskikber te stellen. De Ra-bobank It Hearrenfean hat
besletten it restearjende tekoart rinte- en ôflossingsfrij te meitsjen.
It Iepenloftspul Jorwert draacht fansels ek sels by oan it werombringen fan
it tekoart en hat de begrutting ek foar de kommende jierren al flink bysteld.
|