Opfang flechtlingegesin yn Ons Huis                 

 

 

Oan de ynwenners fan Jorwert

Oer: de opfang nije Jorwerters

 

Jim sille it fêst al heard hawwe: in groepke minsken út Jorwert besjocht oft it mogelik is dat in flechtlingegesin (saneamde statushâlders) tydlik yn Ons Huis wenje kin. Us idee is dat krekt in lytse mienskip as Jorwert foar dizze groep "Nije Nederlanders" in goed stee wêze kin om in nij libben op te bouwen, wylst in ekstra gesin ek foardielen hat foar it doarpslibben yn Jorwert. As it ûndersyk dien is, giet der in útstel nei Doarpsnut dy’t dan in beslút nimme sil oer wat der barre sil. Doarpsnut hat oan it inisjatyfgroepke frege om yn in brief út te lizzen hoefier’t men is mei it ûndersyk.

 

Wy ha ús ynformearje litten troch de gemeente en oare oerheidsynstânsjes oer subsydsjemogelikheden. Wy ha kontakt mei de stifting “Opnieuw Thuis”. Dizze stifting kin helpe by it meitsjen fan in eksploitaasjebegrutting, om dúdlik te krijen oft it finânsjeel helber is. Mogelik moat der socht wurde nei in ynstânsje dy't in foarfinansiering docht. As der in gesin komt krijt de eigner fan it pân (= Doarpsnut) mogelik in fergoeding de persoan de moanne, sadat de foarfinansiering wer werombetelle wurde kin, of der komt in oare hierkonstruksje dêr 't de ferbouwingskosten mei werom fertsjinne wurde kinne.

Der is yn Ons Huis plak foar in gesin mei meardere bern. It gesin krijt in oanpast hierkontrakt foar yn earste ynstânsje 5 jier. Hoe’t dat der krekt út komt te sjen witte we noch net, mar we witte wol dat as it gesin der wer út giet, it mogelik wêze moat dat it doarpshûs syn funksje wer weromkrijt en dat de 4 of 5 sliepkeamers boppe ienfâldich omboud wurde kinne ta in Bêd en Brochje. Om in gesin hjir wenje litte te kinnen, moat der in tydlike wenbestimming op it pân komme. Dat wurdt dan oan de omwenjenden bekend makke, sadat dy op tiid reagearje kinne.

We ha twa bedriuwen in offerte meitsje litten foar de ferbou en we hawwe kontakt mei in arsjitekt dy’t ús helpt mei it lêzen en begripen fan de offertes en tekeningen. Wy ha ûnderwilens mei Doarpsnut oerlis hân en besletten dat we fierder gean mei de offerte fan Bootsma (Easterwierrum) dy’t in stazjêre fan it Friesland College op it projekt sette wol. Dizze Jan Wiebe Riemersma hat útsocht oan hokker easken it gebou foldwaan moat om it bewenber te meitsjen. Klik op de plaatsjes foar syn tekeningen. Op dy site is ek ûnder it kopke “Jorwert in de media” te sjen wat der op radio, telefyzje en krante te sjen en hearren west hat.

1 Febrewaris is der in ynformaasjejûn fan de gemeente oer de flechtlingeproblematyk. In pear fan ús groepke gean dêr hinne. Op 2 febrewaris is der in oerlis mei boargemaster Liemburg en de ambtner wolwêzen fan Littenseradiel.

As we it eksploitaasjeplan rûn krije, kinne we in ûnderboud plan oan Doarpsnut foarlizze. Dan is it oan Doarpsnut om in beslút te nimmen oer it wol of net trochgean fan dit plan. As Doarpsnut dêr posityf op reagearret kin der mei de ferbouwing begûn wurde. It jild dat ophelle is mei de glêzen hûs aksje (sa’n 1100 euro en der wurdt noch altyd jild stoarten) wurdt dan nei alle gedachten brûkt foar fervjen, behingje en de ynrjochting.

Claire, Geartsje, Nelleke, Marieke en Karen.

.

Doarpsnut hat in pear kear oerlis hân mei de inisjatyfgroep en stiet posityf foar it plan oer. Mei de keukentafelpetearen kin hjir fansels mei it doarp oer praten wurde. Fierder kin der yn maart/april in ynrinjûn of -middei organisearre wurde, dêr’t elkenien foar útnoege wurdt en dêr’t dan fragen steld wurde kinne. De Ons Huis kommisje, besteande út Jacob Keuning, Floor Hartman, Wietske Terluin wurdt de behearder fan it gebou. Doede Ottema regelt as ponghâlder fan Doarpsnut, de finânsjen.

Wa’t mear witte wol kin altyd immen fan Doarpsnut of fan de inisjatyfgroep maile of belje.

Wy binne bliid mei alle positive reaksjes dy't we hân hawwe en hoopje op in ynrindei mei in grutte opkomst.

 

Bestjoer fan Doarpsnut