Fanôf 1 jannewaris 2010: Snoeihout wurdt ophelle

 

Sûnt in grut tal jierren binne der yn alle doarpen fan ús gemeente ien as meardere hoekjes grûn ynrjochte as miljeuparkjes. Dêr wurdt de boarger ûnder oaren de gelegenheid jûn om it snoeihout efter te litten. De gemeente soarget dan foar de ôffier dêrfan nei in bedriuw yn de gemeente dy’t dat snoeihout fersnippert en der kompost fan makket.

 

De lêste jierren waard der net allinne snoeihout brocht, mar ek oar grien, sa as blêden, gers, mar ek wol grûn, seaden, bylzen, kratten en ja sels soms plastyk ôffal. It binne dus gjin takkenplakjes mear, mar sa stadich oan komplete ôffalplakjes. Dêrnjonken docht ek bliken dat der net, sa as bedoeld, it snoeihout wêze moat fan de hûshiemen fan de boargers yn de gemeente, mar dat der ek snoeihout fan rûnom bedriuwen yn de gemeente stoard wurdt en sels fan bûten de gemeente. De gemeente fiert dus gâns mear ôf en ek dat jout in protte kosten.

 

De takkenplakjes ferfalle

Om’t der folle mear materiaal brocht wurdt mei in soart oar ôffal, is reden dat minsken dy’t tichteby sa’n plakje wenje der in bulte ergernis fan hawwe en dêroer kleie by de gemeente. Al mei al reden foar de gemeente om te sykje nei in oare oplossing. Om de service sa heech mooglik te hâlden, hat de gemeente foar de folgjende oplossing keazen.

 

Fanôf 1 jannewaris 2010 ferfalle de takkenplakjes. De boargers dy’t snoeihout kwyt wolle, kinne dat dan melde by de gemeente, lykas mei it grof húshâldlik ôffal. De gemeente komt dat snoeihout dan ien kear yn de wike op in fêste dei opheljen. It op adres op te heljen snoeihout moat oan de folgjende easken foldwaan:

-          allinne skjin snoeihout;

-          maksimale poartsje 1 m3;

-          maksimale lingte 2 m

-          maksimale dikte fan it hout 10 sintimeter;

-          los stoart, dus net yn bundels bûn;

-          oanbiede lâns de iepenbiere wei foar jo wenning;

-          sa oanbiede dat it mei in autokraan te laden is.

 

De fêste dagen fan opheljen binne:

- alle moandeis fan de wike de westkant fan de gemeente, is: Boazum, Britswert, Iens, Hinnaard, Hidaard, Itens, Kûbaard, Lytsewierrum, Easterein, Easterlittens, Rien, Reahûs, Spannum, Waaksens, Winsum en Wommels;

- alle tiisdeis de eastkant fan de gemeente, is: Baaium, Baard, Bears, Hilaard, Húns, Jellum, Jorwert, Leons, Mantgum, Easterwierrum,

Weidum, Wjelsryp en Wiuwert.

 

Snoeihout fuortbringe

Njonken dizze ynsamling, hawwe wy mei it bedriuw dy’t it snoeihout ferwurket, Leanbedriuw Frankena oan de Kleasterdy te Winsum, de ôfspraak makke dat de boargers de mooglikheid hawwe om it snoeihout sels te bringen. Dat kin fan 1 jannewaris ôf op alle sneonen fan 10.00 oer oant 12.00 oere. It adres is Kleasterdyk 49 te Winsum. It dêr ôf te leverjen snoeihout moat oan deselde easken foldwaan as by it ynsammeljen. Ek moat der rekken mei hâlden wurde dat Frankena om in legitimaasje freegje kin, om’t oantoand wurde kinne moat dat it in boarger út ús gemeente is.

 

Miljeustrjitten

Fansels kin de boarger it snoeihout mei oar grien ôffal ek fuortbringe nei ien fan de miljeustrjitten fan Omrin yn Boalsert as Frjentsjer.

 

 

Bron: Gemeente Littenseradiel