De Hiele Toer genomineerd
Alle jierren skriuwt
de gemeente Littenseradiel in wedstryd út foar de bêste Frysktalige bydrage
oan de 'doarpssjoernalistyk'. In karkommisje nominearret trije stikken foar
de priis. Diskear komme de nominearre artikels út de doarpskranten Baarder
Kat fan Baard, Doarpskrantsje fan Easterein en De Hiele Toer fan Jorwert. Op
de gemeentlike Nijjiersresepsje op moandei 4 jannewaris sil boargemaster
Johanneke Liemburg de winner bekend meitsje. De karkommisje De ‘Karkommisje
Frysktalige doarpssjoernalistyk Littenseradiel’ dy’t alle bydragen besjoen
hat, bestiet út Jan Schotanus út Easterwierrum, Djoke Kooijmans út Wommels en
Sjoerd Bottema út Weidum. De sjuery hat lang lêzen en fergadere en doe trije
stikken nominearre, dy't kwa nivo hiel ticht by elkoar sitte. De sjueryleden
fûnen it nivo fan de stikjes diskear wer behoarlik heech. De nominearren De trije stikken
dy’t nominearre binne foar de priis binne ‘Gosse Grypstra, ein fan in
tiidrek' út de Baarder Kat, ‘It earste aai!’ út it Doarpskrantsje fan
Easterin en 'Dweilstik: Beloftes’ út De Hiele Toer út Jorwert. Doarpskrante
De Baarder Kat hat yn 2012 en 2013 ek nominearre west foar de bêste
Frysktalige doarpssjoernalistyk. Doarpskrante De Hiele Toer út Jorwert wûn yn
2012 de priis en wie it jier dêrop wer nominearre. Foar it Doarpskrantsje fan
Easterein is it de earste kear dat se nominearre binne foar de bêste
Frysktalige doarpssjoernalistyk. Dat kin ek hast net oars; dizze doarpskrante
wurdt noch mar oardel jier útjûn yn de deistige foarm. Prizejild It prizejild fan €
500,00 wurdt ferdield oer de trije nominearren. De winner fan de earste priis
krijt in jildbedrach fan € 250,00, de twadde priis is € 150,00 wurdich en de
tredde priis € 100,00. It jild is net foar de skriuwer fan it stik mar foar
de doarpskrante, om sa de kwaliteit noch fierder ferbetterje te kinnen. Frysk stimulearje De gemeente skriuwt
de wedstryd út om it gebrûk fan it Frysk ekstra nijsgjirrich te meitsjen foar
de skriuwers fan doarpskranten en doarpswebsiden. Om te bepalen wa’t de priis
winne moast, binne de doarpskranten dy’t by de gemeente binnenkamen yn ‘e
gaten hâlden. Skriuwers fan doarpskranten en –websides koenen harren Fryske
stikken ek ûnder de oandacht bringe foar dizze priis troch se op te stjoeren. Bron: Gemeente Littenseradiel |