In grutter hiem om hûs No’t ek ús gemeente de kommende jierren foar fikse besunigings
komt te stean, binne alle taken ûnder de lûp nommen om te sjen oft dy mei
minder jild útfierd wurde kinne, of as der taken binne dy’t mei in oare
manier fan wurkjen útfierd wurde kinne. Ien fan dy taken is it ûnderhâld fan it grien yn de
doarpen. Yn oerlis mei de doarpsbelangen binne wy no dwaande om it
draachflak te peilen foar in oerdracht fan it ûnderhâld fan de perkjes en
hagen oan de doarpen sels. Neist de reden fan krapte oan jild, spilet dêrby ek dat
de gemeente de lêste jierren noch al wat krityk krigen hat oer it ûnderhâld
fan it grien. Dêrnjonken hat de gemeente al in tal jierren de
mooglikheid iepene om stripkes iepenbier grien dy’t fuortdaliks oan de partikuliere
hiemen grinzje, yn gebrûk te jaan by de brûkers/bewenners fan die hiemen. Foar dat yn gebrûk jaan
wurdt dan in saneamde brûkersoerienkomst sletten, sûnder dat soks de brûkers
jild kostet. Under in pear stelde easken meie de brûkers dy grûn dan
by harren tún belûke en kinne sy it nei eigen ynsjoch ynrjochtsje. Graach wolle wy dizze mooglikheid ûnder de oandacht fan
ús ynwenners bringe en as der belangstelling foar is, harren freegje om soks
by op it gemeentehûs bekend te meitsjen (skriftlik of telefoanysk). De oanfraach wurdt dan beoardield en as it heal kin wurdt
de brûkersoerienkomst ferliend. It gemeentebestjoer Littenseradiel. |