Moai wykein foar de Jorwerter keatsers…….

It wykein fan 31 maaie en 1 juny is moai ferrûn foar de Jorwerter jeugdkeatsers dy’t fuort gean te keatsen.

Op sneon gie allinne Anne van der Hem der op út om in KNKB wedstryd te keatsen. Yn Tsjom koe se spitichgenoch gjin potten brekke en sûnder in priis gie se wer nei hûs ta.

Yn Wommels wie in federaasjewedstryd foar welpen, pupillen, skoalbern en jeugd. By de welpen keatsten Hindrik Meinsma en Sander Kuperus, by de pupillen Jorrit Meinsma en Hylke Zondervan, by de skoalbern Sjoerd vd Hem en Thomas Kuperus en by de jeugd Stefan den Boer.

Hindrik Meinsma wûn ien kear en ferlear dêrnei, hy hie gjin priis. Sander Kuperus ferlear de earste wedstryd, mar wist dêrnei yn de ferliezersronde alles te winnen. Hy wûn dus de 1e priis yn de ferliezersronde, tegearre mei Jos Wynia út Wommels.

By de pupillen jongens wûn Jorrit Meinsma de earste wedstryd, mar de twadde wedstryd gie ferlern. Hy hie dus net in priis. Hylke Zondervan die it krekt oarsom: hy ferlear de earste wedstryd en wûn de twadde. Uteinlik wûn hy yn de ferliezersronder in twadde priis, tegearre mei Bavius Smink út Winsum.

By de skoaljongens wist Sjoerd T van der Hem net in priis te heljen. Thomas Kuperus die it poerbêst syn “maat” Yfke Velstra. Se wûnen alles en mochten yn de finale keatse tsjin Jorrit Joustra (Winsum) en Sjoerd de Vries (Kûbaard) It like der earst net op, se kamen 4-1 achter, mar nei in izersterke ynhelrace wisten Thomas en syn maat dochs de krânse te pakken.

By de âldste jeugd foel Stefan den Boer krekt bûten de prizen.

 

Snein 1 juny wie de 5-doarpepartij yn Jorwert, mar in protte Jorwerter jeugdkeatsters koene dêr net oan mei dwaan, omdat de KNKB partijen no ienkear wichtiger binne.

Sander Kuperus en Hindrik Meinsma giene as ôfdielingspartoer nei de ôfdielingswedstryd yn Tsjommearrum. Dit is de iennige ôfdielingswedstryd foar dizze kategory yn in seizoen. Foar Hindrik betsjutte it dalik syn allerearste KNKB-wedstryd. De jongens hiene lotte tsjin in sterk partoer fan Ried. Se keatsten hiel leuk, mar koene it net oprêde en mei 5-1 giene se der ôf. Dat hold yn dat se meidiene yn de opstap; de trochinoarlotterspartij. Sander lotte as maat Habtamu de Hoop út Wommels en Hindrik kaam by Tom Cats út Menaam. Mei beide keatsers gie it mar bêst. Yn de heale finale koene Sander en Habtamu it net rêde tsjin Sjaak Bakker (Achlum) en Klaas Bosma (Makkum). Foar Sander dus in tredde priis.

Yn de oare heale finale keatste Hindrik mei syn maat tsjin Sil Leystra (Westhoek en Frank Bervoets (Wommels). Hindrik en Tom wûnen dat en mochten dus de finale keatse tsjin Sjaak Bakker en Klaas Bosma. Tom en Hindrik makken mar in hiel lyts bytsje foutsjes en wiene dan ek fiersten te sterk foar dit twatal. Mei in prachtige krânse kaam Hindrik fan syn earste KNKB wedstryd werom!

Thea Hylkema keatste by de welpen famkes in pear kilometer fierderop, yn Ingelum. Nei twa ferliespartijen wie it foar har gau dien dizze kear.

Yn Sint Anne keatsten Bonne Hylkema, Hylke Zondervan en Jorrit Meinsma in t.i.l. wedstryd. Bonne en Jorrit ferlearen de earste wedstryd en giene fierder yn de ferliezersronde. Hylke hie in steand nûmer en mocht yn de twadde omloop fan de winnersronde dalik tsjin de sterke Pieter van der Schoot keatse. Dat koene hy en syn maat Auke Boomsma (Moarre) net oprêde en nei ien kear keatse wie it al dien foar Hylke. Spitich.

Bonne en Jorrit wûnen beide har partijen yn de ferliezersronde en moasten dêrnei tsjin elkoar keatse. Dat wûn Jorrit op it nipperke en hy mocht doe de heale finale keatse tsjin Dirjan Bouma (Grou) en Hylke Flapper (Hilaard). Dy partij gie ferlern en mear as in 3e priis yn de ferliezersronde siet der dus net yn.

Anne van der Hem reizige ôf nei Wytmarsum, mar koe spitichgenoch net in priis mei nei Jorwert nimme.

Al mei al dochs in moai wykein foar Jorwert!

Noch efkes de priiswinners op in rychje:

 

Sneon 31 maaie

Federaasje Wommels

Welpen jongens:   Sander Kuperus – 1e ferliezersronde

Pupillen jongens:   Hylke Zondervan – 2e ferliezersronde

Skoaljongens:       Thomas Kuperus – 1e winnersronde

Snein 1 juny

KNKB

Tsjommearrum t.i.l.: Welpen jongens:   

Sander Kuperus – 3e priis, Hindrik Meinsma – 1e priis

Sint Anne: Pupillen jongens:  Jorrit Meinsma – 3e ferliezersronde

 

 

 

 

tekst & foto: Geartsje de Vries

 

Sander Kuperus en Hindrik Meinsma