Uitnodigingspartij KNKB Hoofdklasse Dames

De wedstryd koe ferkeatst wurde ûnder moaie waarsomstandichheden. Foar de taskôgers faaks te kâld, foar de keatsters perfekt.
Yn de earste omloop wie mar ien spannende partij: dy dnûmer 3 en 4. Dy waard wûn troch 4 dêr’t Leonie van der Graaf bylotte wie foar Imke van der Leest.
Fierder wiene it iensidige partijen. Allinne it feit dat Harmke Siegersma bylotte wie foar Margriet Bakker yn partoer 2 wie it fermelden wurdich.
Yn de twadde omloop seagen we 2 moaie spannen partijen. It partoer fan Marije Hiemtra (4) wie krekt te sterkt foar dat fan Nelie Steenstra (2) en koe dêrtroch troch gean nei de finale. Nelie Steenstra cs. mochten keatsen om it 3e en 4e plak.
Ek de partij tusken partoer 6 ( Ilse Noorman cs) en 7 (Lisette Wagenaar cs) eindige op 5-4, werby’t Ilse Noorman cs krekt oan de langste ein luts.
De partij om preemje en neat gie tusken partoer 2 (Nelie Steenstra cs) en 7 (Lisette Wagenaar cs). it waard in spannende partij mei earst dúdlik kânsen foar partoer 7 ( Lisette Wagenaar, Feikje Bouhuis, Bianca vd Veen) wernei’t partoer 2 (Nelie Steenstra, Sjouke Visser, Harmke Siegersma) werom kaam. Partoer 7 kaam mei 0-4 foar, mar partoer 2 wist werom te kommen 3-5, 4-5 en úteinlik 5-5. Yn dat lêste beslissende earst wie it partoer 7 dat de toutsjes yn hannen naam en trochdrukte. Op 5-5 en 6-2 gie de winst nei Lisette Wagenaar cs.
De finale tusken partoer 4 (Marije Hiemstra, Leonie vd Graaf, Manon Scheepstra) en partoer 6 ( Ilse Noorman, Maaike Osiunga, Anke Marije Pompstra) wie spannend. Om en om waarden de buordsjes ferkeatst. Op 4-3 jout Ilse Noorman de foarbêst oer oan Maaike Osinga. Dat moat efkes wenne, mar dan docht it fertuten. It partoer fan Ilse Noorman wint de finale op 5-4 en 6-6. Oer de hiele dei sjoen in fertsjinne winst.

Útslach:
1. partoer 6: Ilse Noorman, Maaike Osinga, Anke Marije Pompstra
2. partoer 4: Marije Hiemstra, Leonie vd Graaf, Manon Scheepstra
3. partoer 7: Lisette Wagenaar, Feike Bouwhuis, Bianca vd Veen

 

Tekst: Geartsje de Vries