3e priis foar de Krunenstrobbe by it skoallekeatsen

Bonne Hylkema en Sander Kuperus wisten in tredde priis te heljen by it skoalkeatsen op woansdei 28 maaie yn Winsum. It twatal keatste yn de B-klasse jongens. As earste tsjinstander stie Easterein 2 op de list. Bonne en Sander begûnen wat ûnwennich, want ja, der moast dochs wol fan folle fierder opslein wurde, mar stadichoan kamen se better yn it spul.

Mei Bonne foarbęst op en achteryn it perk en Sander foarminst en foarynse foarmen se in moai koppeltsje, dat it it trijetal fan Easterein bęst dreech makke. Op in foarsprong fan 5-3 heakke it efkes en Easterein kaam werom nei 5-5. En ja hear, der wiene al in hiele protte earsten op 6-6 ferkeatst en dat kaam no ek wer oan ‘e telegraaf. Dat alle oare keatsers út it fjild wei en Bonne mocht opslaan. Dat die er fantastysk: hy joech in sitbal! Easterein teloarsteld en Jorwert bliid.

De folgjende tsjinstander op ‘ list wie Easterlittens. It gie yn it begjin as slydjaget: der hong samer in spul foarsprong. Dęrnei wist Littens werom te kommen nei 2-1, mar Bonne en Sander bleaune ręstich en keatsten nei in 4-1 foarsprong. Littens besleat om de taken te feroarjen en de foarynse waard balkearder. Dat die fertuten want it draaide no better by de jongens út Littens. Bonne en Sander wisten noch wol in earst te heljen, mar dęrnei helle Littens in pear earsten. Sa waard it 5-4. Doe fûnen de Jorwerters dat it moai genoch wie en se makken it út.

Yn de heale finale moast der keatst wurde tsjin it Fûnemint fan Wommels. Dat wie in poerbęst partoer en Bonne en Sander koene it net opręde. Der waard ferlern mei 5-1 en dat betsjutte in 3e priis. Dochs in hiele moaie prestaasje!

De útslach:

  1. it Fûnemint, Wommels
  2. de Foareker 3, Easterein
  3. de Krunenstrobbe, Jorwert

 

Yn de jongens A-klasse keatsten Jorrit Meinsma, Hylke Zondervan en Anne van der Hem mei. Dat wie bysûnder want Anne wie it iennige famke dat yn de A-klasse by de jongens meidie! Dit trijetal siet yn in poule mei Easterein 1 en de Stapstien fan Winsum. Earst tsjin de Foareker fan Easterein. Dat gie net bęst. De jongens út Easterein keatsten “vliegend” en Jorwert waard wat oerdondere. Mei 5-1 waard ferlern.

Doe moast der in hiel skoft wachte wurde en dęrnei noch tsjin Winsum. Dit waard in prachtige lykopgeande striid. Earst kaam Winsum in spul foar, Jorwert helle in earst, Winsum it folgjende earst en dęrni kaam Jorwert echt op stoom. It waard Op in foarsprong fan 4-3 kaam Winsum noch ien kear werom, mar dęrnei pakten de jongens en it iene famke fan Jorwert goed troch.Gjin prizen, wol hiel moai keatst.

De útslach:

  1. it Fûnemint 1, Wommels
  2. de Foareker 1, Easterein

It Fûnemint mei no nei it provinsjaal kampioenskip skoalkeatsen yn Ljouwert.

tekst & foto: Geartsje de Vries

 

Sander Kuperus en Bonne Hylkema