Iepenloftspul Jorwert spilet Londen ’68

 

Iepenloftspul Jorwert spilet Londen ’68, in striid tusken de seksen. It is de Jorwerter bewurking fan de film Made in Dagenham. De premjêre is op sneon 27 augustus en der wurdt spile oant en mei sneon 24 septimber. De kaartferkeap set útein op woansdei 1 juny.

It Iepenloftspul Jorwert fan 2016 spilet him ôf yn 1968, yn Londen. Rita O’Grady wurket, lykas in protte minsken út de stêd, yn de autofabriken fan Ford yn de wyk Dagenham. Neist de tûzenen manlike wurknimmers steane der ek 187 froulju op de leanlist. Mar wêrom, freget Rita har ôf, krije de manlju mear betelle? Is it om’t it manlju binne?

Rita wurdt it gesicht fan de froulju dy’t yn opstân komme om in ein te meitsjen oan dizze brike ferhâlding. Wat folget is in striid dy’t in weareld fan ferskil meitsje sil foar de rjochten fan froulju.

Londen ’68 is in humoristyske, eigentiidske teatrale werjefte fan de striid dy’t froulju yn it Londen fan 1968 oangiene. In slach dy’t de wrâld feroare. Yn it spyljen komt nei foaren dat it net inkeld kontroverse is tusken manlike en froulike personaazjes, mar ek tusken de akteurs ûnderinoar. Londen ‘68 is in feelgood-komeedzje mei in dramatysk rântsje, yn in net faak fertoande spulstyl.