Reprize Skûlje
yn Jorwert Yn april 2017 komt J&Mteaterwurk
fan Jan Arendz en Marijke Geertsma mei in reprize fan de foarstelling ‘Skûlje yn Jorwert’. Der wie
safolle flecht op ‘e koai en de reaksjes wiene sa geweldich, dat it sil
nochris heve… In toanielfoarstelling nei oanlieding
fan it boek ‘Nachtboek van een kerkuil’, skreaun troch Bas van Gelder. Bas van Gelder hat dûmny west yn
Jorwert krekt yn de oarlochsjierren ‘40-’45. Hoewol it liket dat der yn
Jorwert earst net folle fan de Dútske besetting te fernimmen is yn ferliking
mei Leiden, dêr’t hy weikomt, ûntkomt ek Jorwert net oan de oarloch. De dûmny
dy’t ûnderdûke moat ( yn syn eigen tsjerke), wurdt ferret en oppakt en komt
yn de finzenis fan Ljouwert te lâne.
Jorwert is in hecht doarp, mar ek yn dit doarp wenje njonken minsken,
dy’t yn it ferset sitte, ek minsken dy’t
de filosofy fan Hitler oanhingje. In lytse mienskip prachtich opservearre
troch in dûmny dy’t fan bûten Fryslân yn Jorwert bedarret yn de oarlochsjierren, wêryn de
eigenskippen fan de minsken harren krekt wat dúdliker ôftekenje. Wy ûntfange jim mei kofje en tee yn
kafee ‘Het Wapen van Baarderadeel’, dêrnei meitsje wy in kuierke troch
Jorwert, sadat jim in bytsje ynsjoch krije yn it doarp út dy jierren. Yn de
kuier is ek in eksposysje opnommen mei spesjaal materiaal út dy tiid. As wy
nei 3 kertier werom binne yn it kafee, nimt de dûmny (Jan Arendz) jim mei nei
de tsjerke fan Jorwert foar de foarstelling. Der is ek in mooglikheid om by it
toanielbarren in lunch of diner te brûken. |
Foarstellingsdata
2017 Freed
7 april 19.30 oere Freed
21- 28 april 14.00 oere en 19.30 oere Sneon
22 - 29 april 19.30 oere Snein
9 - 23 - 30 april 14.00 oere Mear ynformaasje oer de foarstelling:
belje mei 06-44282677 of |
|
|