Prachtich konsert fan Wind Images yn Redbadtsjerke

 

 

Yn in folle Redbadtsjerke waard op sneintemiddei 19 septimber troch Wind Images in hiel opmerklik konsert jûn. Wind Images bringt in foarstelling mei teksten, lûden, slachwurk en oargelmuzyk. De dichter Tsjêbbe Hettinga, oargelist Reitze Smits en lûdkeunstner en slachwurker Sytze Pruiksma krije op in bysûndere wize it publyk alhiel yn 'e besnijïng.

 

De trije keunstners ymprovisearje mei har eigen ynstruminten en stimmen en reagearje op elkoar. It lânskip en de romte yn de tsjerke binne dêr by de ynspiraasjeboarnen. It is in syktocht nei útdrukkingsmooglikheden dy't mei safolle konsintraasje ûndernommen wurdt, dat it publyk der yn mei sûge wurdt. It wie stil yn 'e tsjerke, in oere lang.

In bysûnder elemint wie it bernekoarke mei bern út Jorwert en út Weidum, dat ûnferwachts it publyk de  holle omdraaie liet om nei de kreake te sjen dêr't se stienen te sjongen.

 

 

Wind Images jout op 3 oktober om 16.00 oere noch in konsert yn Hegebeintum. Yn 2011 en 2012 sille se in Europeeske toernee meitsje.

Tekst: Willy van der Meer