‘IFKS’ Reedriden op de
Iisbaan fan Jorwert Op freed 9 jannewaris 2009 wie it dan einliks safier:
It IFKS (Iepen Frysk
Krunenstrobbe-kampioenskip Skoalriden) koe ferriden wurde. Master Tjitte en
Master Thijs hiene de lotting ferrjochte Der wiene 2 kategoryen: Groep 3/4/5 en Groep 6/7/8. Foar guon bern út de leegste groepen wie it noch in Hiele toer om de einstreek te heljen, mar de sjuery wie soepel: der mocht gebrûk makke wurde fan helpstikken om oan de oare kant te kommen: Sa brûkte Jentse syn heit en Bauke syn mem as helpstik. En Reinder fleach mei in bysettaffeltsje oer de baan. Britte en Natasja makken der in wedstryd hiel-hurd-wer-stean-gean-as-je-fallen-binne fan. En Esmee waard holpen troch fammen út de hegere groepen. Tsja, mei sa’n lotting kinne jo it treffe of net: Esmee trof it net. Se moast dalik al tsjin Gjalt út de echte hurdridersfamylje van der Hem. Gjalt sit ek op reedrydles en dat kinst sjen: op syn âlderwetse houtsjes streket er like hurd as master Thijs! Janne streket ek hiel bêst, sy hie de pech dat se yn de twadde omloop tsjin Gjalt moast, mar it seach der hiel kreas út. Thea en Durkje makken der in hiele spannende striid fan yn de earste omloop, it waard sels ‘kamp’ sadat se foar in tredde kear tsjin inoar moasten, mar doe wûn Thea en mocht sy troch nei de 2e omloop. Gaiske trof it mei de lotting: earst mocht se allinne ride, ja dan winst it fansels altyd. Yn de twadde omloop koe Bauke har net byhâlde en pas yn de tredde omloop trof se in tsjinstander dy’t sterker wie as har: Thea. De finale gie doe tusken Gjalt en Thea. Thea die oergryslik har bêst en bleau moai yn’e buert fan Gjalt, mar Gjalt koe dochs echt hurder, ek al finishe hy yn de ferkearde baan….. De útslach: 1. Gjalt van der Hem (groep 4) 2. Thea Hylkema (groep 5) 3. Gaiske Meinsma (groep 3) By de gruttere bern wiene krekt wat mear dielnimmers. Sander en Tity mochten earst tsjin inoar. Tity ride hiel moai op har easy-gliders mar Sander, op syn noaren koe hurder. Dêrnei in spannende striid tusken Wilco en Hindrik. Wilco hat in hoartsje op reedrydtrening sitten en Hindrik op iishockeytrening. Op syn iishockeyredens is Hindrik altyd hiel rap fuort, mar dêrnei helje de better streekjende noaren him altyd yn. No ek wer, Wilco koe it hurdst. Rein hie tsjin Alicia ride moatten, mar Alicia wie by it ynriden fallen en seach it net mear sitten. Se hie pine. Dêrtroch koe Rein sunder ynspanning troch nei de twadde omloop. Amerins en Linda makken der in hiele spannende striid fan. De earste rit wûn Amerins mei har feninige slachje, mar Linda wist de twadde rit te winnen, troch krekt wat langer troch te streekjen. De tredde rit gie wer nei Amerins, sadat Linda der ôf wie. Hylke en Bonne tsjininoar levere in frij makkelike oerwinning foar Hylke op en datselde jildt foar Minke, dy’t har tsjinstander Jurjen achter har liet. Mar Jurjen hie dan ek in handicap: hy ried foar it earst op de noaren dy’t er liend hie. Anneke mocht allinne ride en wûn fansels. Yn de twadde omloop wist Sander te winnen fan Anneke en Wilco fan Rein. Foar Amerins wie de lotting net sa geunstich, want se moast no tsjin har grutte broer ride. Dat wûn Hylke, mar ja, hy is dan ek 3 jier âlder…. Minke hie gjin tsjinstander en stie sadwaande al yn de heale finale, dy’t se ride moast tsjin Sander. Dat wûn Sander mei in pear meterkes ferskil. Wilco tsjin Hylke wie hiel spannend. De grutste, Wilco, wûn it mar hy krige it net kado! Ek yn de finale tsjin Sander moast Wilco noch efkes goed oan de bak. Mar úteinlik wie dúdlik dat Wilco echt de rapste reedrider fan de Krunenstrobbe is. De útslach: 1. Wilco van der Veen (groep 8) 2. Sander Kuperus (groep 7) 3. Minke Holwerda (groep 5) en Hylke Zondervan (groep 8) De beukers diene net in wedstryd, mar waarden op sliden oer it iis sleept troch de gruttere bern. En de beukers dy’t de redens ûnder hiene koene stempels fertsjinje troch sa faak mooglik nei in pion ta te riden en wer werom. Juf Nini en Sjenny soargen derfoar dat de stempels op de kaart kamen. Nei ôfrin hiene Frits en Eelkje de poeiermolke klear en dat foel der goed yn. Ek de hannen koene moai efkes opwaarmje troch se om de waarme bekers hinne te hâlden. Sa wie it in tige slagge, mar wol wat kâlde freedtemoarn… Oer dy kjeld hearden we de bern hear, se wiene al lang bliid dat se gjin rekkenjen en taal hiene…… |