Jorwert sertifisearre as Frysktalich pjutteboartersplak Op tongersdei 15 jannewaris, moarns om 10:00 oere,
wurdt it sertifikaat Frysktalich pjutteboartersplak oerlange oan
pjutteboartersplak “De Krúntsjes” yn Jorwert. Pjutteboartersplak “De
Krúntsjes” hat de ôfrûne trije jier hurd wurke oan it ynfieren fan in taalbelied
dat rjochte is op de twatalige ûntwikkeling fan bern. Dat trajekt is no
ôfrûne, en it boartersplak ûntfangt dêrfoar in sertifikaat en in provinsjale
subsydzje. Om dit te fieren komt it trio Pake’s Trots del om ensenearre
berneferskes te sjongen mei de bern. Ek krije alle bern in boekje. It is bysûnder dat in lyts doarp as Jorwert safolle
fasiliteiten fan hege kwaliteit hat foar de bern. In sertifisearre
pjutteboartersplak, in profesjonele bûtenskoalske opfang en in basisskoalle
dy’t yn desimber 2008 krekt sertifisearre is as Trijetalige Skoalle. Sertifisearring Sûnt 2000 bestiet de mooglikheid
foar pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen om sertifisearre te wurden
op it mêd fan taalbelied. Yn opdracht fan de Provinsje wurdt dat sertifikaat
takend troch de St. Frysktalige Berne-opfang. In fisitaasjekommisje komt
del op de pjutteplakken om harren wize fan wurkjen te beoardielen. It Frysktalige en twatalige
pjuttewurk hat ta doel de twatalige ûntwikkeling fan bern te stimulearjen. Yn
beide foarmen wurdt in soad omtinken oan it Frysk jûn. Frysktalige bern krije
sa in bredere basis yn de memmetaal, wat de ûntwikkeling fan it Nederlânsk ek
profyt fan hat, en Nederlânsktalige bern komme boartsjendewei yn oanrekking
mei de twadde taal. It is fan belang dat liedsters
konsekwint ien taal oanbiede. Dêrtroch wurdt der minder "switched"
tusken it Nederlânsk en it Frysk en leare de bern de talen better fan inoar
te skieden. By “De Krúntsjes” praat de liedster konsekwint Frysk tsjin de
bern, de helpâlden prate har eigen taal (Nederlânsk of Frysk). De
fisitaasjekommisje skriuwt oer it boartersplak: “It pjutteboartersplak is in
ientalich Frysk plak. Hoewol’t de helte fan de bern Hollânsktalich is, docht
bliken dat it Frysk as fiertaal en ynstruksjetaal gjin inkelde swierrichheid
jout. Ek foar de âlden is de ientalige Fryske situaasje gjin probleem. It
docht bliken dat beide liedsters hiel konsekwint binne yn it brûken fan de
Fryske taal. It taalbelied fan it pjutteboartersplak slút hiel goed oan by
dat fan de basisskoalle om’t dy trijetalich is.” En: “Wy ha sjoen en heard dat de bern
troch Nynke har freonlike hâlding en moaie yntonaasje, de bern yn alle
fasetten yn ‘e mjitte komt. Sy wit ek alle mooglikheden te brûken om taal-
ferrykjende mominten oan te gripen en út te wreidzjen. Je sjogge dat de bern
op har gemak binne.” Provinsjale ûnderwiisbelied De Provinsje stimulearret sûnt 2003
de ynfiering fan Frysktalich en twatalich belied yn de berne-opfang en it
pjuttewurk. It Sintrum Frysktalige Berne-opfang is oprjochte om plakken dêrby
te helpen. It tal plakken dat dwaande is taalbelied yn te fieren, of al
ynfierd hat, groeit hurd, fan alve yn 2003 oant 70 no. Yn Littenseradiel
dogge 11 pjutteboartersplakken en ien bernedeiferbliuw mei oan it
sertifisearringstrajekt. De Krúntsjes De Krúntsjes yn Jorwert is in
pjutteboartersplak fan St. Welzijn Middelsee. It is iepen op tiisdei en
tongersdeitemoarn en wurdt wykliks troch in 10-tal pjutten besocht. De fêste
liedster is Nynke de Jong. De bûtenskoalske opfang en it pjutteboartersplak
meitsje gebrûk fan deselde romte. |