Fjouwer fedraasjekrânsen yn Jorwert

 

Op woansdeitemiddei 2 juny kamen 30 bern út de gemeente nei Jorwert ta foar de jierlikse federaasjewedstryd. Dat hat wolris mear west, mar de reden wie wol dúdlik: yn Wommels wie in grut feest foar de bern en as dy der net binne, skeelt dat dalik in grut oantal bern.

Welpen famkes

By de welpen famkes koene 4 partoerkes foarme wurde. Durkje Zijlstra en Thea Hylkema wiene de Jorwerter dielnimsters. Fierder famkes út Winsum, Easterein, Jellum en Weidum.  De 4 partoeren keatsten yn ien poule. Elk moast dêrtroch 3x keatse. Yn de earste omloop seagen we in spannende partij tusken Jeska Terpstra (Easterein) en Hester de Boer (Jellum) tsjin Thea Hylkema en Feikje vd Vegt (Weidum). Thea en har maatsje koene it krekt net oprêde en mei 5-5 en 6-0 gie de winst nei Jeska en Hester. De twadde omloop wie minder spannend, mar omdat Jeska en Hester en ek Rianne Nutma (Winsum) en Durkje Zylstra foar de twadde kear wûnen, krigen we in echte finale yn de tredde omloop. Dat waard ek wer in spannende striid dy’t yn it foardiel fan Rianne en Durkje beslikke waard. Mei 4-5 en 6-6 kaam de earste krânse yn Jorwert terjochte. By de oare partij yn de tredde omloop kaam alles oan de hang. Mirjam Punter (Easterein) sloech op, Thea sloech in moaie keats. Dêrnei mocht Thea opslaan en dat die ze poerbêst: in sitbal.

De útslach:

1.      Rianne Nutma, Winsum / Durkje Zylstra, Jorwert            21 pnt

2.      Jeska Terpstra, Easterein/Hester de Boer, Jellum           18 pnt

3.     Thea Hylkema, Jorwert/Feikje vd Vegt, Weidum  15 pnt

4.     Mirjam Punter, Easterein/Jantina Punter, Weidum  9 pnt

 

Welpen jongens

By de welpenjongens wie mear dielname. Der koe in moaie list fan 8 partoer makke wurde. Der waard keatst neffens it ôffalsysteem, mei wol in ferliezersronde derby.  Yn de earste omloop in tige spannende partij tusken Gjalt Sjirk de Groot (Mantgum) en Simon vd Vaart (Spannum) tsjin Rutger Fopma(Mantgum) en Wilco Lobregt (Wiuwert). Op 5-5 en 2-6 gie de winst úteinlik nei Rutger en Wilco, dy’t dêrtroch yn de winnersronde fierder keatse mochten.  Der wiene trouwens noch twa spannende partijen yn dy earste omloop dy’t beide op 5-4 beslikke waarden.

Yn de ferliezersronde folge doe yn de twadde omloop in moaie partij tusken Gjalt Sjirk/Simon en Sipko Greidanus (Winsum) dy’t tegearre mei Peer de Bakker (Weidum) keatste. Sipco en Peer wûnen it op 5-4 en mochten de finale fan de ferliezersronde keatse. Dat diene se tsjin Wessel van Zuiden út Wiuwert en Yme Kramer út Weidum. Wessel (pakesizzer fan Sietse van Zuiden út Jorwert) en Yme koene it lang net oprêde en mochten mei de medaljes foar de twadde priis nei hûs. Sipco en Peer krigen de gouden médaljes omhongen.

Yn de winnersronde seagen we in hiele spannende striid tusken Rutger en Wilco en Pieter Bonnema (Winsum) en Pier Koopmans (Weidum) Spitich foar pake en beppe Castelein, want harren pakesizzer Pier koe it krekt net oprêde. Op 5-5 en 6-5 moast er belies jaan. Rutger en Wilco keatsten de finale tsjin ús eigen Gjalt van der Hem en Jeroen de Boer út Spannum. Yn de earste omloop hie Gjalt noch frij dreech keatst mei 4-5. De twadde omloop gie wat makkeliker. It waard 5-3 en sa stapte hy mei syn maatsje de finale yn. Yn it earstoan likei t derop dat GJalt en Jeroen in makkelike oerwinning pakke soene op Rutger en Wilco, mar dy leste twa kamen sterk werom fan in achterstân. Sa waard it 4-5 yn it foardiel fan Gjalt en Jeroen en 6-6. Op dy stân pleatste Gjalt in sitbal en in twadde krânse nei Jorwert wie in feit.

De útslach:

Winnersronde

1.      Gjalt vd Hem, Jorwert/Jeroen de Boer, Spannum

2.     Rutger Fopma, Mantgum/Wilco Lobregt, Wiuwert

3.     Pieter Bonnema, Winsum/Pier Koopmans, Weidum

Wessel Schraa, Wommels/Bauke Folkerts, Easterlittens

Ferliezersronde

1.      Sipco Greidanus, Winsum/Peer de Bakker, Weidum

2.     Wessel van Zuiden, Wiuwert/Yme Kramer, Weidum

3.     Gjalt Sjirk de Groot, Mantgum/Simon vd Vaart, Spannum

Aebe Haima, Weidum/Ignas Dijkstra, Mantgum

 

Pupillen jongens/famkes

Yn dizze kategory wie mar in bytsje dielname en it lot hie ek noch bepaald dat de twa Jorwerter jongens, Sander Kuperus en Hindrik Meinsma, tegearre in partoerke foarmen. Fierder sieten Gertjan Bootsma út Itens en Johannes Zandvliet út Easterein byelkoar en it tredde partoer bestie út it iennigste famke, Baukje Terpstra út Easterein en Marco Lobregt út Wiuwert. Earst keatsten Gertjan en Johannes tsjin Sander en Hindrik. Foar Sander en Hindrik gie dit poerbêst. Se joegen Gertjan, oars in beste keatser, gjin kans om yn syn spul te kommen en mei 5-2 wiene de earste punten gau binnen. Dêrnei keatsten Gertjan en Johannes tsjin Baukje en Marco. Ek yn dy partij woe de spanning net komme. Baukje en Marco keatsten sterk en gunden Gertjan en Johannes mar ien earst. De leste partij soe útslútsel jaan moatte oer wa’t mei de krânsen nei hûs gean soe. Sander en Hindrik begûnen hiel goed, namen in spul foarsprong, mar doe kamen Baukje en Marco op stoom. Boppedat slûpten der by Sander en Hindrik wat foutsjes yn en sadwaande namen Baukje en Marco in 2-3 foarsprong. It folgjende earst wie wer foar Sander en Hindrik, 3-3 dus, mar dêrnei begûnen de Jorwerters wat te knoeien.  Oan de opslach gie der nochal wat kwea of buten en Baukje en Marco kamen op in 3-5 foarsprong. Op dat stuit gie by Sander de knop om likei t wol, want hy wist in hiel spul binnen te heljen mei in prachtige hurde, platte opslach. 5-5 en de spanning wie te snijen, ek al trochdat it der ferbaal (Hindrik en Marco) ek fûl oan ta gie. Op in 6-4 foarsprong slacht Hindrik in hiele dikke keats, flak by de boppe. Dan mei Sander opslaan. Hy jout in hege bal achteryn, dêr’t Marco net by kin en sa giet de oerwinning nei it Jorwerter partoer.

De útslach:

1.      Sander Kuperus, Jorwert/Hindrik Meinsma, Jorwert

2.     Baukje Terpstra, Easterein/Marco Lobregt, Wiuwert

3.     Gertjan Bootsma, Itens/Johannes Zandvliet, Easterein

 

tekst & foto: Geartsje de Vries

 

terug