Laden Evenementen

« Alle Evenementen

  • Dit evenement is voorbij.

Redbadtsjerke: Elmar Kuiper lêst foar

31 maart:15:00 - 17:00

JORWERT – Elmar Kuiper lêst snein 31 maart yn Jorwert foar út nij Frysktalich eigen wurk. Dêrneist wurde der trije koarte Frysktalige Poëzyfilms fertoand, mei Nederlânsktalige ûndertiteling.

 

Minskewolf is it twadde diel yn de rige byldfertellingen Rûzje Wyn (Fluister Wind), dy’t regisseur Ester Eva Damen makke tegearre mei Fryske dichters Tsead Bruinja, Nynke Laverman en Elmar Kuiper, hieltyd om in Frysk gedicht hinne.

In part fan har jeugd wenne Ester Eva yn Fryslân. Se kearde werom mei de kamera om oansluting te sykjen by in tiid dy’t se yn har libben apart set hie. It hearren fan de Fryske taal brocht har by fergetten gefoelens.

 

Minskewolf is makke yn gearwurking mei skriuwer, keunstner en muzikant Elmar Kuiper. Hy wurke jierrenlang yn in psychiatryske ynstelling. Gedichten fan Elmar oer syn perioade dêr brochten harren tegearre mei twatalich akteur Rienk Nicolai ta de foarstelling en film Minskewolf.

 

Yn it foarút kin der gebrûk makke wurde fan in Peaskebrunch yn Het Wapen van Baarderadeel.

Plak:                   Redbadtsjerke, Jorwert
Tiid:                    31 maart, 15.00 oere
Kosten:               Frijwillige bydrage

 

Peaskebrunch
Het Wapen van Baarderadeel
31 maart, 12.30 oere, €16,50
Opjefte: Info@wapenvanbaarderadeel.nl

Gegevens

Datum:
31 maart
Tijd:
15:00 - 17:00
Evenement Categorie:

Locatie

Redbadtsjerke
Jorwert, Friesland 9023 Netherlands + Google Maps
Bekijk de site van Locatie

Organisator

SAFT
Telefoon
058- 2519901
E-mail
saftjorwert@gmail.com
Bekijk de site van Organisator