Laden Evenementen

« Alle Evenementen

  • Dit evenement is voorbij.

Reedride yn Ljouwert

15 januari 2023:11:15 - 14:15


Op snein 15 jannewaris wolle wy graach mei de Jorwerter bern en jongerein te reedriden nei de Ljouwerter iishal. De iisklup betellet foar alle bern/jongeren oantemei 17 jier! Ek as’t net redens hast, dan kinst se hiere yn de iishal en dat wurdt foar dy betelle. Boppedat krijt elkenien in leuke attinsje en fansels is der ek ‘koek en zopie’.

Opjaan foar 13 jannewaris by Janke: janke_elgersma@hotmail.com

Snein 15 jannewaris 11:15 sammelje foar it kafee 11:30 Fuort 12:00 – 13:15 Reedride 13:15 dweilskoft. Efkes bekomme mei wat lekkers 14:00-14:15 werom yn Jorwert

Wy ha riders nedich!! Alden dy’t mei wolle en ride kinne, krije ek in tagongskaartsje fan de iisklup. Sa hoopje wy op in hiele gesellige en sportive Jorwerter middei yn de iishal!

Wa’t ride kin, kin him/har ek oanmelde by Janke en jou dan even oan hoefolle bern as’t mei ha kinst yn de auto.

Gegevens

Datum:
15 januari 2023
Tijd:
11:15 - 14:15