Startjûn Iepenloftspul Jorwert 2026

Bêste meiwurkers en buorlju fan Iepenloftspul Jorwert,
Wy binne alwer lekker los mei de tariedingen foar it Iepenloftspul fan 2026 en dêrom nûgje wy jimme graach út om oanwêzich te wêzen by ús tradisjonele startjûn op woansdei 8 april 2026. Dizze jûn wurdt út de doeken dien hokker stik wy foar it fuotljocht bringe en ek in part fan de foarmjouwing wurdt bleatjûn.

Wat: Startjûn Iepenloftspul Jorwert
Wannear: Woansdei 8 april
Wêr: kafee Het Wapen van Baarderadeel, Jorwert
Hoe let: 20.00 oere
Wy treffe jimme graach yn kafee Het Wapen fan Baarderadeel! Ast net komme kinst, stjoer dan even in mailtsje nei info@iepenloftspuljorwert.nl.
Mei freonlike groetnis,
út namme fan it bestjoer,
Tjerk, Hindrik en Nynke