Foto’s en filmkes It gelok fan Fryslân

0 Comments

Sneon 5 en snein 6 septimber wie Tryater mei audiokuiertocht It gelok fan Fryslân yn Jorwert.

30 Jorwerters wurken mei yn de opbou, as figurant (de jongerein fan Yn waar en wyn) of as suppost en 170 besikers rûnen mei it geloksgedicht op de earen de rûte fan sa’n 4 kilometer: fan achter de lizboksstâl fan famylje Castelein nei de Notaristún, neist it hûs fan notaris del op nei de Krunen, troch de tún fan Floor en it lân fan famylje Rodenhuis nei It Noard, dan troch de Maliebaan en in slach om de tsjerke. Dan op nei de Battenserreed, troch it lân nei it Tsjirkenêst, nei de pleats fan Anna Kingma en troch de Tuin van de Toekomst nei it brechje oer de Jaanfeart. Dêr mei in barte oer de feart en oer it betonpaad werom nei de lizboksstâl.

Underweis kamen se ferskate objekten tsjin dy’t harren yn kombinaasje mei it geloksgedicht op de koptelefoan de omjouwing op in bysûndere wize sjen lieten. De rûte einige mei klavertee en selsbakte klaverkoekjes.

Tryater docht dizze hjerst oant en mei it earste wykein fan novimber ferskate plakken yn Fryslân oan mei dizze coronaproof audiokuier. Om’t elk doarp oars is, is eltse rûte oars en elts ferhaal oars. Sjoch foar mear ynformaasje en kaarten op www.tryater.frl/show/it-gelok-fan-fryslan.

Klik hjir foar in filmke oer de tarieding.

Klik hjir foar in filmke oer de frijwiligers.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *