TINK MEI OER WENNINGBOU YN JORWERT!

0 Comments

Hoe wolle jo no of yn de takomst wenje yn Jorwert? Dat is wat wy graach fan jo witte wolle! Op twa lokaasjes yn it doarp kinne aanst mooglik wenningen boud wurde. Dêrom hearre wy graach hokker ideeën oft jo hjiroer hawwe.

Plannen foar twa lokaasjes yn it doarp

Sûnt OBS De Krunenstrobbe tichtgien is, is Gemeente Ljouwert eigener fan de skoallokaasje oan De Krunen 1 yn Jorwert. Op dit stuit binne der tydlike bewenners yn it âlde skoalgebou. Dúdlik is dat it hjoeddeistige gebrûk fan it skoalgebou net takomstbestindich is.

Njonken de eardere skoalle stiet it (eardere) doarpshûs Ons Huis oan De Krunen 5. Doarpsnut Jorwert hat by de gemeente oanjûn dat se dizze lokaasje mooglik in nije bestimming jaan wolle.

Tagelyk is in groep út it doarp mei it plan kaam om de lokaasje op de hoeke Ewerwert – Redbadwei te ûntwikkeljen foar wenningbou.

Digitale fragelist

Om it ferlet oan nije wenningen sa goed mooglik yn kaart te bringen, hawwe wy in digitale fragelist opsteld en organisearje wy ûntwerpsesjes mei in wurkgroep fan Jorwerters. De resultaten dêrfan binne in wichtige ynbring foar de gemeente, foar Doarpsnut en foar de inisjatyfnimmers fan Redbadwei-Ewerwert by it meitsjen fan de fierdere plannen.

De fragelist kinne jo hjir fine:

https://surveys.enalyzer.com/survey/linkindex?pid=fuhaseb4

Startgearkomste

By in startgearkomste op 10 oktober 2024 jout de gemeente in taljochting op de plannen dy ‘t der no
binne. Jo kinne dan fansels ek fragen stelle en jo miening jaan. Foar de startbijekomst krije jo noch in útnûging.

Wurkgroepen

Ut de dielnimmers oan de fragelist selektearje de gemeente en Doarsnut in wurkgroep dy ‘t meitinke sil oer it úteinlik ûntwerp. Dy wurkgroep bestiet út in goede ôfspegeling fan de befolking fan Jorwert. Dy wurkgroep komt yn trije sesjes byinoar: op 18 en 24 oktober en op 7 novimber 2024.

De earste gearkomste bestiet út in koarte ekskurzje troch it doarp en in miny-kursus oer stêdebou. Dêrnei giet de wurkgroep, ûnder begelieding fan in stêdeboukundige fan de gemeente, wurkje oan de útgongspunten dêr ‘t de nije wenten oan foldwaan moatte.

Dat kin gean om ûnderwerpen as grien, bioferskaat, klimaatoanpassing, parkearjen, en fansels ek om de oantallen en grutte fan de wenningen.

Wat dogge wy mei de resultaten?

As de wurkgroep klear is, presintearje wy de resultaten oan alle bewenners. Dat bart by in gearkomste op 21 novimber 2024. Jo kinne dan reagearje op de plannen. Hjirnei ûndersiket de gemeente oft de plannen en de útgongspunten foar it plan helber binne. Boargemaster en wethâlders nimme der dêrnei in beslút, en freegje oan de gemeenteried om der ek in beslút oer te nimmen.

Fragen?

Wolle jo mear witte of hawwe jo fragen? Nim dan kontakt op mei Aletta Kalma-Reinders (adviseur wenjen) of Joyce Jellema-Algra (adviseur lokaasjeûntwikkeling) fia wonen@leeuwarden.nl of 14 058

DENK MEE OVER WONINGBOUW IN JORWERT!

Hoe wilt u nu of in de toekomst wonen in Jorwert? Dat is wat wij graag van u willen weten! Op twee locaties in het dorp kunnen straks mogelijk woningen worden gebouwd. Daarom horen we graag welke ideeën u hierover heeft.

Plannen voor twee locaties in het dorp

Sinds OBS De Krunenstrobbe is gesloten, is Gemeente Leeuwarden eigenaar van de schoollocatie aan De Krunen 1 te Jorwert. Op dit moment zijn er tijdelijke bewoners in het oude schoolgebouw. Duidelijk is dat het huidige gebruik van het schoolgebouw niet toekomstbestendig is.

Naast de voormalige school staat het (voormalige) dorpshuis Ons Huis aan De Krunen 5. Doarpsnut Jorwert heeft bij de gemeente aangegeven dat ze deze locatie mogelijk een nieuwe bestemming willen geven.

Tegelijk is een groep uit het dorp met het plan gekomen om de locatie op de hoek Ewerwert – Redbadwei te ontwikkelen voor woningbouw.

Digitale vragenlijst

Om de behoefte zo goed mogelijk in kaart te brengen, hebben wij een digitale vragenlijst opgesteld en organiseren we ontwerpsessies organiseren met een werkgroep van Jorwerters. De resultaten hiervan zijn een belangrijke inbreng voor de gemeente, voor Doarpsnut en voor de initiatiefnemers van Redbadwei-Ewerwert bij het maken van de verdere plannen.

De vragenlijst kunt u hier vinden: https://surveys.enalyzer.com/survey/linkindex?pid=fuhaseb4

Startbijeenkomst

Bij een startbijeenkomst op 10 oktober 2024 geeft de gemeente een toelichting op de plannen die er nu zijn. U kunt dan natuurlijk ook vragen stellen en uw mening geven.

Voor de startbijenkomst krijgt u nog een uitnodiging.

Werkgroepen

Uit de deelnemers aan de vragenlijst selecteren de gemeente en Doarsnut een werkgroep die meedenken over het uiteindelijk ontwerp. Die werkgroep bestaat uit een goede afspiegeling van de bevolking van Jorwert. Die werkgroep komt in drie sessies bij elkaar: op 18 en 24 oktober en op 7 november 2024.

De eerste bijeenkomst bestaat uit een korte excursie door het dorp en een mini-cursus over stedenbouw.  Daarna gaat de werkgroep, onder begeleiding van een stedenbouwkundige van de gemeente, werken aan de de uitgangspunten waaraan de nieuwe woningen moeten voldoen. Dat kan gaan om onderwerpen als groen, biodiversiteit, klimaataanpassing, parkeren, en natuurlijk ook om de aantallen en grootte van de woningen.

Wat doen we met de resultaten?

Als de werkgroep klaar is, presenteren we de resultaten aan alle bewoners. Dat gebeurt bij een bijeenkomst op 21 november 2024. U kunt dan reageren op de plannen. Hierna onderzoekt de gemeente of de plannen en de uitgangspunten voor het plan haalbaar zijn. Burgemeester en wethouders nemen er daarna een besluit, en vragen aan de gemeenteraad om er ook een besluit over te nemen.

Vragen?

Wilt u meer weten of heeft u vragen? Neem dan contact op met Aletta Kalma-Reinders (adviseur Wonen) of Joyce Jellema-Algra (adviseur locatieontwikkeling) via wonen@leeuwarden.nl of 14 058

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *