Tryater mei It gelok fan Fryslân yn Jorwert

0 Comments

Op sneon 5 en snein 6 septimber tusken 13:00 en 17:00 oere is Tryater yn Jorwert mei in aventoerlike audio-kuiertocht dy’t de sintugen iepenet en dy fiele lit wêr’t Fryslân lokkich fan wurdt.

Op tongersdei 3 en freed 4 septimber wurdt der bouwd en repetearre. De rûte rint troch en om it doarp.

Dizze simmer frege Tryater ynwenners fan Jorwert wat harren gelokkich makket. De antwurden fan jong en âld binne sammele én ferwurke ta in grut geloksgedicht. Dat gedicht is te hearren wylst in unike rûte rinst en mei oare eagen nei de omjouwing sjochst.

De audio-kuiertocht is foar minsken út it doarp, mar ek foar elkenien fan fier dêrbûten. Tryater is mei It gelok fan Fryslân alle wiken in oare op in oar plak, alle wiken in oare ûnderfining. Want it gelok fan Eastermar is oars as it gelok fan Jorwert of Wikel. It gelok fan Fryslân is in poëtyske konfrontaasje mei gelok.

Coronaproof
It gelok fan Fryslân is coronaproof ûntwikkele. Tryater folget de rjochtlinen fan it RIVM. Der is in beheind tal plakken beskikber per foarstelling.

Sa wurket it
De audio-bestannen dy’tst nedich hast foar de kuiertocht binne te belústerjen fia een app dy’t geskikt is foar sawol Iphone as Android tastellen. Ynformaasje oer wêr en hoe’t de app downloaden wurde kin krigest fan Tryater ast kaarten reserveard hast. Moatst sels soargje foar:

– in mobile telefoan wêrop’st de app downloade kinst
– in koptelefoan of earkes

Slagget it dy net om de app te downloaden dan kinne se dy dêr foar de start fan de tocht noch by helpe. Ek hat Tryater in pear koptelefoans te lien foar it gefal datst sels net ien hast.

Rinst de tocht individueel. Om de twa minuten start de folgjende dielnimmer. Komst mei syn twaën of mear, keapje dan kaarten foar deselde starttiid. Rinst dan noch hieltyd individueel maar wol flak foar of nei elkoar.


* Start fan 13.00 oere ôf
* Per startgroep binne der maksimaal 10 dielnimmers
* Lêste startmooglikheid: 15.20 oere
* Reserveare is needsaaklik. Reservear kaarten foar in starttiid nei eigen kar
* De kuiertocht duorret likernôch in oere. Mei ynstruksje foarôf en neipraten achterôf bist ûngefear 1,5 oere ûnderweis.
* Der binne gjin húskes, net by begjin en ein en ek net ûnderweis
* De audio-kuiertocht yn Jorwert is net oan te rieden foar wa’t net goed rinne kin. Nim kontakt op mei Tryater foar de lokaasjes dy’t wol tagonklik binne foar wa’t minder fluch is.
* Entreeprizen: € 15 (regulier), € 13,50 (Freonen Tryater), € 10 (12 o/m 18 jr). Kaarten: www.tryater.frl.

It gelok fan Fryslân is in fjouwerjierrich projekt fan Tryater fan teatermakkers Aukje Schaafsma en Karel Hermans: se ûndersykje hoe’t it kin dat Fryslân de gelokkichste provinsje fan Nederlân is. Elk jier dûkt Tryater op yn in oar plak en yn in oare foarm. Alle kearen spylje de ynwenners fan Fryslân in wichtige rol. Dit earste diel is de ôftraap fan it fjouwerjierrige projekt en is tagelyk it earste projekt ûnder de artistyk lieder Tatiana Pratley.

Kaarten binne te keap op www.tryater.frl.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *