Op woansdei 3 april jout Pytsje van der Hem fan de Tuin van de Toekomst in workshop spinnen yn kafee Het Wapen van Baaderadeel yn Jorwert. Fan 19.15 oant 21.15 oere is der alle tiid om te oefenjen mei it spinnen.
Pytsje soargjet foar wol fan harren eigen Texelske skiep, dy’t klear is om brûkt te wurden. Dêrneist fertelt se oer de basis fan wol en spinnen en kin eltsenien sels oan ‘e gong.
It is it moaiste om sels in spinnewiel mei te nimmen. De ervaring is dat as je in pear kear sizze dat je op syk binne, dat er altyd wol immen is dy’t noch ien op souder stean hat, dy’t je wol liene kinne. Dat is ek it bêste omdat je dan nei de workshop thús fierder oefenje kinne foardat je beslúte om sels ien te keapjen. Mocht it net slagje om in spinnewiel te regeljen, stjoer Pytsje dan even in berjocht. Se hat in pear reserve dy’t op de jûn sels dan brûkt wurde kinne.
Kosten: €22,50, dat is ynklusyf wol en in bakje thee as kofje.
Opjefte foar 30 maart op: pytsjejanette@live.nl