Jorwert spilet Stjer yn it tsjuster

0 Comments

Stjer yn it tsjuster is in tragysk-muzikale fertelling oer it libben fan Micha. Sy wurket dei en nacht yn in fabryk om in eachoperaasje foar har soan bekostigje te kinnen, sadat er net blyn wurde sil as er krekt sa âld is as sy. Micha sjocht fanwege dyselde erflike eachoandwaning sels hast neat mear. Dat wjerhâldt har der lykwols net fan om libbensgefaarlik wurk te dwaan oan de masines yn it fabryk. As se hast genôch jild byelkoar sparre hat, wurdt se bestellen en it ûntmaskerjen fan de dief rint út op in drama, mei grutte gefolgen foar Micha.
Om te oerlibjen, te ûntsnappen oan de stress of de dagen troch te kommen byldet Micha har geregeld yn dat se sabeare op in poadium stiet. It fabryk is dan yn har holle dat poadium, de lûden dêrfan de muzyk en de kollega’s de band en de dûnsers. Sy hoecht mar in ritme te hearren en se fantasearret harsels nei in wrâld fan muzyk, sang en dûns.
Sadwaande kleuret se har hopeleaze bestean: mei muzikale ûntsnappinkjes út it triennedal.

Ik bin in stjer yn it tsjuster
It wyt is ferflein
Of dochs noch net?
Wûnders komm’ faak oan de ein

bron: iepenloftspuljorwert.nl

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *