podcast Jorwerters op Omrop Fryslan

0 Comments

Snein 2 febrewaris stjoert Omrop Fryslân yn it radioprogramma Buro de Vries de podcast “De âlvestêdetocht fan Abe Halma” . De podcast is in harkspul dat ferline jier opnommen is mei Jorwerter ‘stimakteurs’: Siebren Dyk, Adrie Kaspers, Harry Kaspers, Douwe de Bildt, Marjan Koldijk en Karin van Dijken. 

Geartsje de Vries makke dizze audioproduksje by gelegenheid fan it jubileumfestival “Oade oan it iis” fan de Jorwerter iisklup. Se hat in winterferhaal fan Hylke Speerstra as basis nommen. Dat is bewurke en oerset nei de omkriten fan Jorwert. Nei de opnames oan de keukentafel by Geartsje thús, binne der allegear lûden en effekten byset, sadat it in harkspul wurden is. 

Omrop Fryslân slút op 2 febrewaris ‘de iiswike’ ôf; in projektwike mei yn alle programma’s omtinken foar winter, iis, snie en reedride. “De âlvestêdetocht fan Abe Halma” passet dêr hiel moai yn, fandêr dat de redaksje fan Buro de Vries dêr foar keazen hat. 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *