50+ Kaatsen Hâld Moed

0 Comments

(foto Hendrik Terpstra)

Ien krâns kaam net fier

Disse snein wie der wer keatsen op it sportfjild. Keatsferiening Hâld Moed mocht de KNKB-wedstriid organisearje foar de manlju fan de 50+. Mei in lytse 60 man wie der in moaie opkomst. De manlju keatsten yn in A- en in B-klasse. En at it waar dan ek nog meisit, dan kin san dei eins net mislearje.

Der wienen in soad spannende partijen. De manlju waarden betiiden sa fûl as in foarke. It wie krekt as wienen se 16 jier en keatsten se foar gouden klokjes op de Freule. Mar gouden klokjes wienen der dit kear net te winnen. Piet en Ellen hienen de moaie prizen regele by de COOP yn Winsum. In tal manlju koene wol thús komme mei in grutte boadskiptas fol iten.

Der bleaunen ek twa prizen yn Jorwert. Piet Zondervan hie de 4e priis yn de A-klasse. In joekel fan in droege woarst. En oan de Master Fopmawei hinget wer in farske krâns. Want Germ Hallema koe nei in spannende finale de hage omdwaan.

En sa kaam in moaie keatsdei oan in ein. As bestjoer wolle we Piet en Ellen tanke foar de prizen, Emke en Adri foar de poerbêste katering en de fjildlizzers foar harren tiid. En boppe-al tank foar de fruolju fan de krânsen. Dat wienen stik foar stik wer pronkjes om te sjen.

It bestjoer fan KF Hâld Moed

Jorrit, Frans & Hendrik

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *