Gewoan Efkes Balje

0 Comments

Keatsfreonen en freondinnen, ek dit jier wolle we wer it  “Gewoan efkes balje“ organisearje. We woene de opset in bytsje feroarje, doel is om der in kompetysje fan te meitsjen. We spylje yn totaal 8 kear mei fansels in geselliche neisit. Yn totaal wolle we 7 wedstriden meinimme yn de skoaring (dus ien misse as de minste wurd der ôflutsen). Disse kompetysje wurd ôfsletten mei de Jan de Groot partij. Meidwaan kostet ien kear 5 euro, hjir wurde de prizen oan it ein fan it seizoen ek wer fan helle. Opjaan is net nedich en we startte om 19.00!

Freed 10 juni Weidum

Freed 24 juni Hilaard

Freed 8 juli Jorwert

Freed 29 juli Baard

Freed 5 augustus Húns

Freed 19 augustus Jorwert

Freed 2 septimber Weidum

Freed 16 septimber Hilaard

Snein 25 septimber Jan de Groot partij Hilaard (ôfslutting)

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *