Under de namme Nijkleaster, is in groep minksken yn en om Jorwert dwaande mei de letterlike realisaasje fan in nij kleaster. In plak en mienskip foar stilte, besinning en ferbining. In histoaryske, mar fertutearze pleats oan It Westerhûs, tusken Jorwert en Hilaard, moat it nije kleastergebou wurde. Tsjerken, oerheden en fûnzen, soargen al foar in bedrach fan 3,2 miljoen om de earste faze fan de ferbouwing mooglik te meitsjen. Oant pinkster wurdt der noch in oanfoljende aksje fierd. Dy rjochtet him benamme op de duorsumheids-ynfestearings. Sa leit der bygelyks gjin gaslieding nei de pleats en dy lizze jo hjoed-de-dei fansels ek net mear oan. Foar sinnepanielen, mar ek foar skjin- en smoarchwetterfoarsjennings moat ekstra jild komme. Henk Kroes is de saneamde ‘bou-pastor’ fan Nijkleaster en motor fan de aksje ‘Help ons de drempel over’. It buro seach mei Kroes by de pleats, krych der in rûnlieding en prate mei him oer syn persoanlik belutsenheid by dizze kleaster-dream.
Klik HIER om naar de reportage van Omrop Fryslan te luisteren
(foto: Omrop Fryslân, René Koster)