Iepenloftspul gaat dit jaar niet door

0 Comments

#Freonen?! wurdt spile yn 2021

Yn 2020 sil der gjin iepenloftspul spile wurden yn de notaristún fan Jorwert. Dat is justerjûn mei soad pine yn it hert besletten. Alhoewol’t de wíl der oan alle kanten is, moatte wy konkludearje dat wy it risiko net nimme kinne. It alderwichtichste op dit stuit is de sûnens fan minsken. Wy wolle ús hâlde
oan de rjochtlinen fan it RIVM en dat betsjut dat wy net byinoar komme kinne. Dêrneist is it noch hiel ûnwis oft in folle tribune yn septimber kin, of dat we dan noch yn de 1,5-metermienskip ferbliuwe. Alhoewol’t de onlinerepetysjes mei de spilers hoopfol wiene (it skript fan ‘#freonen?!’ is echt prachtich, minsken!), hellet it it fansels net by ‘liverepetysjes’ en moatte wy ús ferantwurdlikheid
hjiryn nimme.

Besluten is om #freonen?! troch te skowen nei takom jier omdat it, sa as sein, in stik mei in protte potinsje is. It giet oer freonskip en elkoar wer moetsje. Lit ús hoopje dat yn it neijier fan 2021 de tribune fol sit mei freonen dy’t skouder oan skouder genietsje fan #freonen?! 

It bestjoer, Tjerk Kooistra en Nynke Eerligh

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *