ILS spilet #Freonen

0 Comments

‘#freonen?!’ is in komeedzje oer de reüny fan in groep jonges.

Se wienen altyd byelkoar: Ap, Frâns, Freek, Wybe en Willem. Doe’t se jong wienen, hienen se in eigen romte makke yn it hok fan de âlders fan ien fan de maten; in plak dat se D’Allemansfreon neamden. En dêr sieten se altyd. No’t de manlju tsjin de fjirtich rinne, komme se der noch, mar no noch mar ien kear yn ’t jier. Alle jierren is dy reüny in feest fan herkenning en in opheljen fan anekdoates. It binne oer it generaal hiel gesellige jûntsjes. 

Dochs wol dit jier de sfear mar net loskomme. Is dat omdat de froulju der sûnt koart by binne? Of omdat ien fan de jonges ferstek gean lit? Of is it de moannefertsjustering dy’t oansteande is en foar in krachtefjild soarget? Feit is dat elk dizze jûn benammen mei de mobyl dwaande is. Dêrom beslute se in spultsje te dwaan: de mobyltsjes komme iepen op tafel te lizzen. Alle berjochten dy’t ynkomme, wurde dield mei elkoar. Yn it earstoan liket it in hiel ûnskuldich spul, mar al gau docht bliken dat it in katastrofale draai jout oan de jûn. 

Dy jûn en nacht wurdt dúdlik dat de manlju elkoar hielendal net sa goed kenne en elkenien mear geheimen hat as tocht. In net nei te kommen relasjoneel slachfjild is it gefolch. En dat liedt ta de fraach: is it somtiden ek better om net alles te witten?

Voorstellingsdata

Repetitieschema

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *