De sneons nei de Jorwerterjûn wie de keatspartij Jorwert-Ysbrechtum. Neffens in oantal leden fan Hâld Moed wie de partij san 20 jier âld en san 16 kear ferkeatst. De tuskenstân tusken Jorwert en Ysbrechtum soe 8-8 wêze.
Dêr moasten wy fansels 9-8 fan meatsje. Seker omdat de wikselbeker poater is. Die stiet earne yn in doaze yn it kafee, mar Emke hat ‘m nog net fyne kinnen. Die koenen wy oan it ein fan de dei dus ek net meijaan oan de Ysbrechtummers.
Der wienen yn totaal 6 parturen yn de A- en B-klasse, en 4 parturen yn de Dames-klasse. Dêrfan wienen de helte Jorwerter parturen en de oare helte Ysbrechtummer parturen. Der stoenen krekt gjin 50 keatsers op it fjild. Gelokkich wienen der yn Jorwert wat reservespilers beskikber. Want sawol Doede Ottema as Frans Kingma moesten al gau ynfalle. En sa wie Doede ‘tegen wil en dank’ promovearre ta A-keatser.
De measte krânsen gongen spitich genôch nei Ysbrechtum. Want sy hienen de beste parturen yn de A- en Dames-klasse. Yn de B-klasse bleauwen de krânsen yn Jorwert. Sjoerd Theo van der Hem, Ulbe Blanke en Rein Stremler pakten dêr de priis.
Nei wat slokjes en de barbecue by it kafee wie it tiid foar de einútslach. Jorwert hie yn totaal 107 earsten behelle en Ysbrechtum 104. De measte krânsen geane dan wol nei Ysbrechtum, mar de wikselbeker bliuwt yn Jorwert. En sa hat Emke wer in jier de tiid om de beker boppe wetter te krijen.
It bestjoer fan KF Hâld Moed, Jorrit, Frans en Hendrik