Ofrûne keatsseizoen ha Sietske Zijlstra en Gaiske Meinsma oan mear as 30 bern (!) út Jorwert keatstraining jûn. Tagelyk folgen sy de keatstrainer 2 kursus fan de KNKB yn Mantgum. Op moandeitejûn krigen se les: hoe kinst it bêst in training opbouwe, wat is leuke en goede oefenstof, hoe stiest foar in groep, hoe hâldst it leuk foar de bern ensfh. Nei seis jûnen krigen se de opdracht in portfolio te meitsjen. Dat foel noch net ta; der waard wol wat easke fan de jonge froulju! Mar op 24 septimber mochten se beide har diploma yn ûntfangst nimme. Kursusliedster Siemke Andela hie loovjende wurden: ‘Jim binne noch hiel jong en dan foar sa’n grutte groep jonge bern stean, dat is in hiele toer! Mar jim diene dat hiel goed, echt super’. Neidat alle nije keatstrainers tasprutsen wiene, krigen se har diploma, dêr’t har eigen hântekening noch op kaam. Fan no ôf meie Sietske en Gaiske harsels diplomearre keatstrainers neame!