Strúnmiddei yn it smûke Jorwert

0 Comments

Jorwert – Kuierje en strún by de kreamkes del op Jaenbuorren oer de brêge nei de tsjerke. Oan de
Maliebaen is in atelier iepen en op de Sluytermanwei en om ‘e tsjerke hinne binne ferskate kreamkes.

It oanbod op ‘e merk yn it smûke sintrum fan Jorwert is breed. Sa ferkeapet Wybren Bruinsma iel, binne der selsmakke tassen fan Crea met Marry, is der foar jong en âld in hearlike sûkerspin en hat Gerlof in ferskaat oan produkten.

It kafee is de hiele middei iepen foar kofje en wat lekkers en nei in koart (of lang) skoft kinst fierder strúne by Tsiis on Wheels fan Lucy, binne der produkten fan de “Tuin van de Toekomst” fan Pytsje, hat Bakkerij Bliid hearlike farske koeken en kinst by Lieuwkje noch altyd terjochte foar produkten fan Tupperware.

De Inmaackerij hat likeur en mear, Francis is der mei krystdekoraasjes en lifestyle guod en Hennie makket moaie ûndersetters en skalen en Yante ferkeapet selsmakke sieraden.

It gehiel wurdt omklaaid mei prachtige krystferskes troch Pop- en Musicalkoar Blinder.

Doarpssintrum Jorwert
10 desimber, 13.00 oant 17.30 oere

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *