Sutelaksje IIsklup

0 Comments

Organisator Ferdinand de Jong biedt de opbringst oan oan sutelders Mirjam, Adrie en Yke.

Ferkeap Fryske Boeken

Op woansdei 5 oktober organisearret de iisklup wer har jierlikse suteldei. Tusken 17:30 en 19:30 komme doarpsgenoaten by jo oan de doar mei in kroade fol Fryske (berne)boeken. Jo kinne boeken keapje en as in winske boek net oanwêzich is, kin it boek besteld wurde. In part fan de opbringst giet nei de iisklup, dy’t har reserves dêrmei oanfolje kin. Dat is heechnedich omdat wy no al in jierren achterinoar gjin iiswinter hân ha en dêrom ek gjin ynkomsten. Ferline jier smiet de sutelaksje mear as 300 euro op!

Wy hoopje op in moaie opbringst!It bestjoer fan de iisklup: Greet, Wiebe, Janke, Mirjam en Geartsje

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *