Takomst Hâld Moed

0 Comments

Keatsferiening Hâld Moed hat okkerdeis mei in tal entoesjaste leden byinoar west en ôfpraten dat:

– der yn 2019 besocht wurde sil om wer as in folweardige keatsklup troch te gean

– der in nij bestjoer foarme wurdt mei Jorrit Meinsma as foarsitter, Geartsje de Vries as sekretaris en Frans Kingma as ponghâlder

– it ledebestân lytser makke wurdt troch allinne bestjoersleden en minsken (bern en folwoeksenen) dy’t ek bûten Jorwert keatse, as lid oan te tsjutten. Dit hâldt yn dat bestjoersleden, minsken dy’t KNKB of federaasjewedstriden keatse én de mannen dy’t yn de peloteploegen keatse, noch lid binne. Alle oaren steane as donateurs op papier.

Op dy wize hoege we minder ôf te dragen oan de KNKB én we ha in KNKB wedstryd minder te organisearjen.

It nije bestjoer kin fansels net as 3-man sterk alles organisearje. Der sil dêrom yn it keatsseizoen in berop dien wurde op doarpsgenoaten om te helpen….

Litte wy mei ús allen besykje om it keatsen yn Jorwert libben te hâlden!

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *