Fersiering!

0 Comments

At ik troch Jorwert rin om de bern fan skoalle te heljen, sjoch ik mei grutte regelmaat brûne fersieringen op de stoep lizzen. Grutte, lytse, ljocht brûn, donker brûn, langwerpig, yn ‘n rûntsje draait. En hiel bysûnder se sitte ek wol ris yn ‘n pûtsje wat dan mooi op de stoep stiet te wachtsjen oant it yn de kontainer smiten wurd.

It soe mooi wêze at hûnebesitters de fersiering dy’t harren hûn efter lit op de stoep ek opromje. En at je it dan opromje en yn ‘n pûtsje dogge, dat dan ek yn de kontainer gooie. Dat rint ‘n stik nofliker troch Jorwert hinne. Dan kinne je noch ris om je hinne sjen en genietsje fan ûs mooi doarpke. En net mei de eagen rjochte op de stoep.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *