Bêste bewenners,
It parkearjen fan de besikers fan Jorwert hat ús oandacht. It giet noch net
altyd hielendal goed mei alle gasten. In oantal minsken binne der al betiid om
te iten yn it kafee en sy parkearje dan dochs yn it doarp, al hawwe sy hjiroer
in mail fan ús krigen. Der binne pyloanen beskikber dy’t jim op jim parkearfak
sette kinne sadat der net troch in oar parkearre wurde kin. Dy pyloanen steane
achter de kassa.
Wy hoopje op sa min mooglik oerlêst en oars hearre wy dat graach, dan kinne wy
der wat oan dwaan.
Iepenloftspul Jorwert