POSTCODEROOSPROJECT WIELSTERDYK

0 Comments

Goed foar it klimaat, foardelich foar jo.

Sinnepanelenprojekt Wielsterdyk
De Enerzjykoöperaasje yn Weidum hat as doel om it enerzjyferbrûk yn Weidum en omkriten te ferduorsamjen. Dat docht de koöperaasje troch diel te nimmen yn de Fryske organisaasje  Ús Koöperaasje”. Wy leverje sa oan ús leden echt griene stroom, dy’t yn Noard Nederlân opwekt wurdt troch wyn en sinne. Dȇrneist wolle wy ek graach in bydrage leverje oan it opwekken fan griene stroom. Foar de stroom dy’t ús ynstallaasje oplevert hoecht in kolensintrale gjin grize stroom op te wekken. Sa soargje wy foar in beskieden mar wichtige bydrage oan it redusearjen fan de CO2 útststjit. Dan binne wy net allinnich ôfnimmer mar ek produsent.

Wat hâld it yn?
Wy ha in projekt opsetten troch it plaatsen fan sinnepanelen op ien fan de pikestâllen oan de Wielsterdyk tusken Weidum en Bears. Yn it gebied fan de “postcoderoos” om Weidum hinne meie wy sertifikaten útjaan oan de ynwenners, dy’t harren it rjocht jout om diel te nimmen yn de opbringsten fan it projekt. Meidwaan oan it projekt betsjut dat jo koarting krije op de enerzjybelesting fan it eigen stroomferbrûk.

Foar wa is it:
Alle ynwenners fan it postkoadegebied 9024 (Weidum) en de postkoadebieden dy’t dêr oan grinzje en dy’t in gewoane lytsferbrûkersoanslúting ha meie der oan meidwaan. Dêr falt Jorwert ek ûnder. Meidwaan is foaral oantrekkelijk foar minsken graach in bydrage leverje wolle oan ferbettering fan ús klimaat mar dy’t gjin geskikt dak ha foar sinnepanelen of dy’t panelen op it dak gjin moai gesicht fine.

Hoe wurket it:
Jo keapje sertifikaten, dy’t per stik foar 15 jier it gebrûksrjocht jouwe foar 1/200ste part fan de ynstallaasje. Yn dy 15 jier krije jo elk jier de enerzjybelesting werom fan de stroom dy’t jo sertifikaten yn dat jier opwekt ha (dat is ûngefear de helt fan it stroomtaryf).
Jo kinne maksimaal safolle sertifikaten keapje dat fan al jo stroomferbrûk de belesting werombetelle wurdt. Ien sertifikaat wekt per jier gemiddeld ± 290kWh stroom op. Dat kinne jo dele op it eigen stroomferbrûk en de útkomst nei beneden ôfronde.
Der binne noch 25 sertifikaten beskikber. 

Wat kostet it:
In sertifikaat kostet ien kear € 100,- en dêrnei alle jierren € 12,50 per sertifikaat.
Jo krije elk jier ûngefear € 27,50 enerzjybelesting werom.
Jo kin der ek foar kieze om alle kosten yn ien kear te beteljen. Ien sertifikaat kostet dan € 250,- en dan bin der fjierder gjin jierlijkse kosten mear.

Wat smyt it op:
Wa’t ynstapt foar ienmalich € 100,- per sertifikaat hâld per jier ± € 15,- oer. Yn de earste jierren wat mear, en de lêste jierren wat minder. Dat betsjut dat de ynfestearring yn ± 5,5 jier weromfertsjinne is. Yn de perioade dêrnei hâlde jo oan it ein netto noch ± € 125,- per sertifikaat oer.

Stappe jo yn foar ienmalich € 250,- per sertifikaat dan hâlde jo per jier gemiddeld ± €  27,50 oer. De ynfestearring weromfertsjinje duorret dan wat langer (± 8,5 jier) mar oan it ein hâlde jo wol mear oer: ± € 165,- per sertifikaat.

Wat is foardeliger: eigen panelen of meidwaan yn de postcoderoos:
Ien sertifikaat fertsjintwurdigt de waarde en de opbringst fan 1,1 paneel op it dak fan de pikestâl foar in bedrach fan € 250,-. Panelen op in partikulier dak kostje al gau tusken de 300 en 400 Euro. Dat is wol djoerder mar de opbringst is ek heger want dan krije jo alle stroomkosten werom. Meastal is it sa dat eigen panelen it foardelichst is, mar dan moatte jo wol fuort flink ynfestearje en it dak en de elektryske ynstallaasje oanpasse.  Ha jo wol in geskikt dak mar ha jo gjin sin oan it gedoch mei it regeljen fan eigen panelen op it dak, de administraasje en de risiko’s dan is meidwaan mei de postcoderoos miskien dochs ek geskikt foar jo.

Mear wite.
Wolle je mear wite oer de kosten, de opbringsten, de betingsten en de risiko’s (want dy binne der ek); de folsleine ynformaasje kinne jo fine op it taheakke informatiedocument.
Of nim kontakt op mei it bestjoer fan de Enerzjykoöperaasje troch in mail te stjoeren nei doarpsenerzjyweidum@gmail.com .

Wy hoopje dat de Jorwerters ek meidogge,
It bestjoer fan de Enerzjykooperaasje Weidum;
Gertjan vander Meer, Geert de Groot, Steven Duursma.

Aanmeldformulier PCR

Informatie document PCR Wielsterdyk



Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *