Tryater siket it gelok yn Fryslan yn Jorwert

0 Comments

Tryater siket It gelok fan Fryslân yn Jorwert

Tryater nûget alle Jorwerters út om antwurd te jaan op de fraach wêr’t sy lokkich fan wurde. Fan alle antwurden meitsje sy it grutste Geloksgedicht oait. Dat gedicht is op 5 en 6 septimber de basis is foar in teatrale audiokuier yn Jorwert.

Tryater sammelet ynformaasje
Misskien ha jim de geloksbrievebus stean sjoen by it kafee. Dêr kinne jim de kaart dy’t jim fan Tryater krigen hawwe mei dêrop skreaun wêr’t jim lokkich fan wurde yn dwaan. Jim kinne dit ek trochjaan op www.tryater.nl. Fan alle ynstjoeringen en ynformaasje út it doarp makket Sytse Jansma, dichter en meiwurker fan Tryater, in Geloksgedicht.

Teatrale audiokuier op 5 en 6 septimber
Oan ‘e hân fan it Geloksgedicht is der op 5 en 6 septimber in teatrale corona-proof audiokuier yn Jorwert. Foar minsken út it doarp, mar ek foar elkenien fan dêrbûten. Kaarten foar de kuier binne tsjin dy tiid te keap op www.tryater.nl.

Ek yn Marsum, Reduzum, Koarnjum, Kollum, Feanwâlden, Wommels, Winaam, Eastermar en Wikel

As in karavaan fan gelok lûkt Tryater dizze hjerst fan plak nei plak en elkenien krijt in ferrassende poëtyske ûnderfining op lokaasje. It gelok fan Fryslân is in fjouwerjierrich projekt fan Tryater fan teatermakkers Aukje Schaafsma en Karel Hermans: se ûndersykje hoe’t it kin dat Fryslân de lokkichste provinsje fan Nederlân is. Elk jier dûkt Tryater we op yn in oar plak en yn in oare foarm. Alle kearen spylje de ynwenners fan Fryslân in wichtige rol. Dit earste diel foarmet de ôftraap fan it fjouwerjierrige projekt en is tagelyk it earste projekt ûnder de nije artistyk lieder Tatiana Pratley.

Konsept Tatiana Pratley, Aukje Schaafsma, Karel Hermans | Tekst de mienskip, Sytse Jansma (gedicht) | Regy Brecht Wassenaar, Janneke de Haan, Raymond Muller, Trieneke Verbeek, Theun Plantinga, Eline de Vries, Ekko de Bakker, Tamara Schoppert, Romke Gabe Draaijer, Sjoerd Blom | Muzyk Peter Sijbenga

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *