Fersiering!
At ik troch Jorwert rin om de bern fan skoalle te heljen, sjoch ik mei grutte regelmaat brûne fersieringen op de stoep lizzen. Grutte, lytse, ljocht brûn, donker brûn, langwerpig, yn ‘n rûntsje draait. En hiel bysûnder se sitte ek wol ris yn ‘n pûtsje wat dan mooi op de stoep stiet te wachtsjen oant









